Jarich van der Veen (Ikkerwâld, 17 maaie 1946) is in earder Frysk keatser.

Van der Veen helle 466 punten foar it ivich keatsklassemint. Yn 1971 wûn er mei Gerrit de Jong fan Ysbrechtum en Reitse Mienstra fan It Hearrenfean foar de earste kear de PC. Trije jier letter wûn er foar de twadde kear de PC, dy kear mei Flip Soolsma fan Drachten en Gerrit de Jong, Jarich van der Veen waard ta kening útroppen.

Nei it seizoen 1982 wie Van der Veen fan doel om op te hâlden, mar hy waard oerhelle om troch te gean. Mar fanwegen ôfnimmende prestaasjes, mei feroarsake troch in ûnwillige skouder, sette er yn july 1983 abrupt in punt efter syn karriêre as keatser.

Prizen 1966 - de Bond 8e priis 1968 - de Bond 9e priis 1977 - de Bond 5e priis 1970 - PC 3e priis 1971 - PC 1e priis 1974 - PC 1e priis 1975 - PC 3e priis 1976 - PC 3e priis 1977 - PC 3e priis 1980 - PC 4e priis 1981 - PC 3e priis 1982 - PC 2e priis

Kategory:Frysk keatser Kategory:PC kening Kategory:Persoan berne yn Ikkerwâld Kategory:Persoan berne yn 1946