Coos Veltman (Dronryp, 20 desimber 1965) is in earder Frysk keatser en sportbestjoerder.

Veltman helle 397 punten foar it ivich keatsklassemint. Yn 1985 en 1986 wûn er de Jong Nederlânpartij. Yn 1990 wûn er mei Piet Jetze Faber fan Froubuorren en Tunno Schurer fan Frjentsjer foar de earste kear de PC, Coos Veltman waard ta kening útroppen. Fjouwer jier letter wûn er foar de twadde kear de PC, dy kear mei Johannes van Dijk fan Ljouwert en Hotse Rusticus fan Marsum, Coos Veltman waard ek yn 1994 ta kening útroppen.

Yn 1997 beëinige Veltman syn karriêre as keatser yn de haadklasse mei in wedstriid yn syn bertedoarp Dronryp. Coos rjochte op De Hommerts yn 2006 keatsferiening De Boppeslach op.KNKB.nl, Verenigingen, KF de Boppeslach Yn 2022 waard Veltman keazen as foarsitter fan it KNKB, hy naam de foarsittershamer oer fan Wigle Sinnema.Omrop Fryslân, 1-4-2022, Nije KNKB-foarsitter Coos Veltman: "Ik wol de sport foarút helpe" Rieplachte op 11-12-2025

Prizen 1980 - Freule 7e priis 1982 - Freule 5e priis 1983 - Jong Nederlân 3e priis 1984 - PC 3e priis 1985 - Jong Nederlân 1e priis 1986 - Jong Nederlân 1e priis 1987 - Jong Nederlân 3e priis 1986 - de Bond 1e priis 1987 - de Bond 3e priis 1988 - de Bond 2e priis 1988 - PC 3e priis 1990 - PC 1e priis 1991 - PC 3e priis 1992 - de Bond 3e priis 1993 - PC 2e priis 1994 - de Bond 6e priis 1994 - PC 1e priis 1995 - PC 3e priis 1998 - de Bond 6e priis

Kategory:Frysk keatser Kategory:PC kening Kategory:Frysk sportbestjoerder Kategory:persoan berne yn Dronryp Kategory:Persoan berne yn 1965