Rinse Bleeker (Tsjummearum, 3 novimber 1967) is in earder Frysk keatser en fjouwerfâldich PC winer.
Bleeker helle 326 punten foar it ivich keatsklassemint. Yn 1991 wûn er mei Erik Seerden fan Frjentsjer en Thomas van der Meer fan Hurdegaryp foar de earste kear de PC. It jier derop wûn itselde partoer foar de twadde kear de PC, Rinse Bleeker waard ta kening útroppen. En ek yn it jier 1993 wie it raak foar Bleeker en syn maten. Fjouwer jier dêrnei wûn Bleeker nochris de PC, no mei Pieter van Tuinen fan Grins en Chris Wassenaar fan Minnertsgea as maten.
Yn 2001 naam Bleeker yn it deistich libben wurksum as sportynstrukteur ôfskied fan de haadklasse.
Prizen 1983 - Freule 5e priis 1987 - Jong Nederlân 2e priis 1989 - Jong Nederlân 5e priis 1988 - de Bond 3e priis 1989 - de Bond 4e priis 1990 - PC 3e priis 1991 - PC 1e priis 1992 - PC 1e priis 1993 - de Bond 6e priis 1993 - PC 1e priis 1997 - de Bond 4e priis 1997 - PC 1e priis 1999 - de Bond 6e priis
Kategory:Frysk keatser Kategory:PC kening Kategory:Persoan berne yn Tsjummearum Kategory:Persoan berne yn 1967