Auke van der Graaf (Berltsum, 6 july 1978) is in earder Frysk keatser, en winner fan it klaverke Fjouwer.

Van der Graaf helle 401 punten foar it ivich keatsklassemint. Doe't er sechstjin jier âld wie wûn Auke foar Berltsum de Freulepartij yn Wommels en mocht it tradisjonele gouden horloazje yn ûntfangst nimme. Twa jier letter, yn 1996, wûn er de Jong Nederlânpartij.

Yn 1998 wûn er mei Johan Okkinga fan Arum en Sake Porte fan Winsum foar de earste kear de PC. It jier derop wûn itselde partoer foar de twadde kear de PC. Auke van der Graaf waard ta kening útroppen. En as klap op de fjoerpylk wûn hy yn 2004 de Bûnspartij foar Senioaren. It soe dêrnei trije jier duorje foar't er yn 2007 foar de tredde kear de PC winne soe; dizze kear wiene Johan van der Meulen fan Broeksterwâld en Taeke Triemstra fan Sint-Jabik syn maten. It jier derop wûn er foar de fjirde en lêste kear de PC, no mei Jochum Bouma fan Easterlittens en Douwe Groenendijk fan It Hearrenfean, yn septimber fan dat jier naam er op de Aldehoupartij yn Ljouwert ôfskied fan de haadklasse.

Prizen 1994 - Freule 1e priis 1995 - Jong Nederlân 4e priis 1996 - Jong Nederlân 1e priis 1997 - Jong Nederlân 1e priis 1998 - Jong Nederlân 1e priis 1998 - PC 1e priis 1999 - Jong Nederlân 1e priis 1999 - de Bond 6e priis 1999 - PC 1e priis 2000 - Jong Nederlân 3e priis 2000 - de Bond 6e priis 2001 - de Bond 4e priis 2004 - de Bond 1e priis 2005 - de Bond 2e priis 2005 - PC 3e priis 2006 - de Bond 2e priis 2007 - de Bond 1e priis 2007 - PC 1e priis 2008 - de Bond 2e priis 2008 - PC 1e priis

Kategory:Frysk keatser Kategory:PC kening Kategory:Persoan berne yn Berltsum Kategory:Persoan berne yn 1978