A Christmas Carol is in Britsk-Amerikaanske drama-, fantasy- en krystfilm foar de hiele famylje út 1984 ûnder rezjy fan Clive Donner, mei yn 'e haadrollen George C. Scott as de frek Ebeneezer Scrooge en David Warner as syn langlijende klerk Bob Cratchit. De titel betsjut "In Krystliet". It is in ferfilming fan 'e ferneamde njoggentjinde-iuwske novelle mei deselde titel fan Charles Dickens. It ferhaal spilet yn it Fiktoriaanske Londen. It folget de alderraarst sa deune en ûnmeilydsume sakeman Ebeneezer Scrooge wannear't op krystjûn de geast fan syn sân jier earder ferstoarne sakepartner Jacob Marley oan him ferskynt. Dy besiket him oan it ferstân te bringen dat er syn libben betterje moat. Wannear't Scrooge dat boadskip yn 'e wyn slacht, wurdt er dy nachts besocht troch de geasten fan 'e Kryst fan it Ferline, de Kryst fan it Hjoed en de Kryst fan 'e Takomst. A Christmas Carol waard yn 'e Feriene Steaten as tillefyzjefilm útstjoerd troch it netwurk CBS, mar waard yn it Feriene Keninkryk yn 'e bioskopen útbrocht. Fan 'e kritisy krige de film positive resinsjes, wêrby't de filmsets, de soundtrack, de kamerarezjy en it aktearjen fan 'e cast, yn 't bysûnder dat fan George C. Scott, love waarden.
Plot Yn it Fiktoriaanske Londen fan 'e midden fan 'e njoggentjinde iuw hâldt de deune en ûnmeilydsume sakeman Ebeneezer Scrooge der sa syn eigen opfettings op nei oer de kryst. Hy fynt it hiele feest grutte flauwekul en in foarm fan maatskiplike oplichting om't er op earste krystdei syn hurd wurkjende mar ûnderbetelle klerk Bob Cratchit in dei frij jaan moat mar him wol trochbetelje moat. As Cratchit him dêr op krystjûn om freget, stimt Scrooge der úteinlik mei uterste tsjinnichheid mei yn. Dyselde deis komt syn omkesizzer, de altyd fleurige Fred Hollywell, del yn syn kantoar om Scrooge út te nûgjen foar in krystdiner, mar de âldman beslacht dat mei de gek en húnt Hollywell fuort.
Letter, as er him nei de beurs bejûn hat, troggelet er in trio sakelju 5% ekstra ôf foar in lading nôt dêr't se net sûnder kinne, inkeld en allinnich om't se in dei earder net daliks mei syn priis akkoart gien binne. Wannear't er oansprutsen wurdt troch in pear hearen, Poole en Hacking, dy't him freegje om in skinking foar de earmen, hat er de gek mei sokke goeddiedichheid en freget er oft der soms gjin finzenissen en wurkhuzen mear binne. Poole en Hacking antwurdzje him dat dy grôtfol sitte en dat in protte lju leaver stjerre soene as om nei it wurkhûs te gean. Scrooge reägearret troch te sizzen dat it mar moai is dat sokke minsken stjerre, om't dan einlingsr ris it probleem fan 'e oerbefolking oplost wurdt.
Dy jûns nei tsjuster rint Scrooge nei hûs as er yn syn strjitte in foartsjirmerij oer syn eigen dea kriget, yn 'e foarm fan in spûkeftige lykwein lutsen troch in span wite hynders. By syn hûs feroaret de ornamintele liuwekop fan 'e klopper foar syn eagen yn it antlit fan syn sakepartner Jacob Marley, dy't op 'e dei ôf sân jier earder ferstoarn is. Letter, as Scrooge yn syn sliepkeamer foar it kâlde hurdstee (want hy is te deun om branje te ferstoken) syn jûnsmiel bepluzet, ferskynt de geast fan Marley ynienen oan him.
Dy is behongen mei swiere keatlings, en as Scrooge him dêroer ûnderstiet, antwurdet er dat it de keatlings binne dy't er sels by syn libben keat foar keat smeid hat troch syn selssuchtige en ûnmeilydsume hâlden en dragen. No is Marley doemd om mei syn keatlings omwuolle as ûnsichtbere geast oer de wrâld te doarmjen en tsjûge te wêzen fan 'e gelokkigens dy't er by syn libben hawwe kinnen hie, mar ôfwiisd hat omreden fan syn ynklauwerigens. Hy warskôget Scrooge dat dy noch helte minder einigje sil as hy, mei't Scrooge noch sân bykommende jierren hân hat om syn keatling swierder en langer te meitsjen. Hy kundiget oan dat Scrooge de kommende nacht besocht wurde sil troch trije geasten om him te rêden fan in selde ellindige hjirneimels as dêr't Marley yn fêstsit.
Nei't de geast fan Marley weiwurden is, bepraat Scrooge himsels derfan dat er hallusinearre hat, miskien wol trochdat er wat iten hat dat ferkeard wie. Hy jout him del op bêd, mar is noch klearwekker wannear't de earste geast delkomt as de klok ien oere slacht. It is de Geast fan 'e Kryst fan it Ferline, dy't Scrooge mei werom nimt yn 'e tiid nei de krysten fan syn iensume bernetiid. Sy beiden binne dêr ûnsichtbere en ûnhearbere taskôgers by. Syn heit Silas stjoerde Scrooge al tige jong nei in kostskoalle, om't er it Scrooge kwea-ôf naam dat syn mem by syn berte yn it kreambêd stoarn wie. Sels mei de kryst mocht er dêrom net thúskomme, dat wylst de oare jonges fan 'e kostskoalle nei hûs giene, bleau Scrooge allinnich efter mei syn iennichste echte freonen: de personaazjes út 'e boeken dy't er lies.
It iennichste famyljelid mei wa't Scrooge in leafdesbân hie, wie syn suster Fan, dy't letter de mem fan Fred Hollywell wurde en foar har tiid ferstjerre soe. Doe't er in jier as fjirtjin wie, slagge it Fan einlings en te'n lêsten om harren heit te bepraten en rop Scrooge werom fan 'e kostskoalle. Mar nei trije dagen thús stjoerde syn heit him wer fuort en moast er as learjonge oan it wurk yn it hannelshûs fan 'e freonlike menear Fezziwig. Dêr kaam Scrooge yn 'e kunde mei de tsjinstfaam Belle, oan wa't er by it dûnsjen op krystjûn syn hert ferlear. Sy wie ek fereale op him en se ferseine harren oaninoar.
It wie de bedoeling dat se trouwe soene sadree't Scrooge syn eigen ûndernimming ta in súkses makke hie, mar de jierren ferstrieken en yn syn hert waard Belle har plak ynnommen troch syn nije leafde: jild. Op 't langelêst krige sy foar it ferstân dat it mei it trouwen nea wat wurde soe en op in kryst ferbriek hja de ferloving. Belle fûn neitiid in oare leafde, mei wa't se in hiel espel bern krige en it gelokkige gesinslibben fûn dêr't se sa nei lange. Scrooge is troch de bylden út it ferline sterk oandien, al hâldt er út fan net. Mar wannear't de Geast fan 'e Kryst fan it Ferline him Belle sân jier lyn, op 'e stjerdei fan Jacob Marley, sjen lit as in gelokkige mem dy't har begrutsjen útsprekt oer wat der fan Scrooge wurden is, ûntstekt er yn razernij. Hy dwêstget it ljocht fan 'e Geast út mei de reuseftige kjersesnuter dy't se by har hat, en komt wer ta himsels op 'e grûn fan syn sliepkeamer, dêr't er it flierkleed oan it smoaren is.
Om twa oere moarns ferskynt de Geast fan 'e Kryst fan it Hjoed oan him, dy't him, op 'e nij ûnsichtber en ûnhearber, mei op sleeptou nimt troch Londen om him de blydskip en de wille sjen te litten fan 'e ôfrûne krystjûn. Hy bringt Scrooge ek nei it lytse hûs dêr't Bob Cratchit wennet mei syn wiif en seis bern. Hoewol't se earm binne en foar it krystmiel mar in lytse goes betelje kinne, ûntbrekt it harren net gelokkigens en leafde. It iennichste dat de feeststimming drukt is de minne sûnens fan 'e jongste, Lytse Tim, dy't syklik is en mei in kruk giet. Op 'e nij is Scrooge oandien, diskear troch hoe leafdefol en tear oft de oare bern mei Lytse Tim omgeane, en op 'e nij ûntstriidt er syn gefoelens foar de Geast oer. Lykwols freget er oant twaris ta hoe't it mei Lytse Tim komme sil, en beide kearen antwurdet de Geast dat er, as de dingen bliuwe sa't se binne, in leech plak oan 'e itenstafel foarsjocht en in kruk sûnder eigner dy't leafdefol bewarre wurdt. Wannear't Scrooge seit hoe aaklik oft er dat fynt, merkt de Geast op dat sa teminsten it probleem fan oerbefolking oplost wurdt.
Neitiid nimt de Geast fan 'e Kryst fan it Hjoed Scrooge mei nei de filla fan syn omkesizzer Fred Hollywell, dy't himsels, nei Scrooge syn tinken, fergoaid hat oan Janet, in frou sûnder besit, inkeld en allinne om't se faninoar holden. By de Hollywells is it feest yn folle gong dêr't Scrooge de útnûging foar ôfslein hie. Wannear't Scrooge op 't aljemint komt, leit Hollywell syn frou en harren freonen út dat hy fan doel is om, fanwegen de oantins oan syn mem silger, fol te hâlden mei elts jier syn omke Ebeneezer út te nûgjen, ek al wit er yn 't foar wol hokfoar antwurd oft er krije sil. Dat gebeart komt Scrooge op it moed, mar hy is ferûntweardige as de oanwêzigen in spultsje spylje wêrby't sprekwurden ôfmakke wurde moatte, en "sa strak as…" troch Janet Hollywell ôfmakke wurdt mei: "de stringen fan 'e ponge fan dyn omke."
Ta einbeslút nimt de Geast fan 'e Kryst fan it Hjoed Scrooge mei nei in tunnel, dêr't withoefolle dakleazen yn lytse groepkes om eigenstookte fjurkes hinne sitte om har suterige en krappe miel te beplúzjen. Dêr wurdt Scrooge konfrontearre mei de wurklikheid oangeande sokke lju dy't dêr net omhingje út loaiens of gemaksucht, mar troch wurkleazens en maatskiplike mistannen, en wegerje om yn it wurkhûs te gean út grutskens en om't húshâldings dêr útinoar helle wurde. De Geast skuort ynienen syn klaad fansiden, sadat Scrooge sjen kin dat syn skonken eins twa oan ûnderfieding lijende bern binne, dy't Unwittendheid en Gebrek hjitte. De bern warskôgje Scrooge om foar harren op te passen, wêrnei't in oerstjoere Scrooge yn 'e tunnel efterlitten wurdt troch de hommels ferdwinende Geast.
Nei't de âldman in skoft mei syn eigen tinzen allinnich west hat, ferskynt hommels de Geast fan 'e Kryst fan 'e Takomst oan him. Dat is in noch folle ôfgrysliker figuer as de eardere geasten, in swartbemantele meunster dat neat seit, mar inkeld wiist mei in oerlange skrinkelige wiisfinger. Hy nimt Scrooge mei nei de beurs, dêr't it trio sakelju dat Scrooge earder dy deis 5% ekstra ôftroggele hat foar in lading nôt, it ferstjerren fan in kollega bepraat om wa't se neat jouwe en nei waans begraffenis se inkeld ta wolle as der in fergees lykmiel oanbean wurdt. As Scrooge fan 'e Geast easket te witten wêrom't er dat skandalige petear hearre moast, wurdt er oerbrocht nei syn eigen sliepkeamer, dêr't in lyk op it bêd leit, oerdutsen mei in lekken. De Geast wiist nei it lekken, mar Scrooge wegeret it gesicht fan 'e deade te ûntbleatsjen en freget ynstee om meinommen te wurden nei in plak dêr't er tsjûge wêze kin fan wat emoasje om it ferstjerren fan 'e man.
Dêrop nimt de Geast fan 'e Kryst fan 'e Takomst him mei nei in Londenske sloppewyk, dêr't Scrooge syn besittings ferkocht wurde oan in heelder nei't se út syn hûs stellen binne troch it âldwiif dat betelle is om syn lyk ôf te lizzen. De dievegge en de heelder hawwe wakker wille om 'e sitewaasje en hawwe de gek mei de eigner silger fan 'e stellen foarwerpen. Scrooge beklaget him der by de Geast oer dat er inkeld ynklauwerigens en deunens te sjen krigen hat, en easket om leafde te sjen. De Geast nimt him mei nei de wente fan 'e Cratchits, dêr't Bob en syn wiif en fiif oerbleaune bern rouje om 'e dea fan Lytse Tim, dy't lang om let oan syn sykte beswykt is. Scrooge is raar gesteld en freget om thúsbrocht te wurden, mar ynstee nimt de Geast him mei nei in nachtlik begraafplak, dêr't er Scrooge nei in ferwaarleazge grêf ta winkt. Mei stûkjende siken faget Scrooge de snie fan 'e lizzende grêfsark en ûntbleatet sa de namme "EBENEEZER SCROOGE". Mei't de gefolgen fan syn eigen deunens en hurdhertigens ta him trochkringe, smyt Scrooge himsels foaroer op it liif oer it grêf hinne en smeekt de Geast om him te sparjen. Dêrop is er ynienen werom yn syn eigen sliepkeamer.