De heideljurk (Lullula arborea) is in fûgel yn it monotypyske skaai heideljurken (Lullula) út de famylje ljurkfûgels (Alaudidae). De fûgel libbet op sângrûn en komt yn Fryslân as briedfûgel allinnich yn it súdeasten en op 'e Waadeilannen foar.

Ferskining thumb|left|Fûgel yn Portegal. Beamljurken wurde likernôch 15 sm lang en binne brune fûgels mei in koarte sturt. Oars as by de gewoane ljurk binne de siden fan 'e sturt net wyt mar ljochtbrún. De soarte hat in brede krêmkleurige wynbraustreek dy't fier nei efter giet. De boppedielen binnne gielbrún mei donkere streken. Op 'e wjukrâne by de wjukbocht is in donker plak mei in wite râne. De ûnderkant is ljocht mei wat streekjes op it boarst en de kiel. De snaffel is finer as dy fan 'e ljurk en de poaten binne fleiskleurich. Juvenilen binne bûnter en ha gjin lange streken op 'e rêch.

Fersprieding De heideljurk waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1758 troch Linnaeus ûnder de wittenskiplike namme Alauda arborea en dy sette de soarte tegearre mei de gewoane ljurk yn it skaai Alauda. In 1829 sette Johann Jakob Kaup de heideljurk yn it monotypysk skaai Lullula, dêr't er oant de dei fan hjoed noch hieltiten is ûnderbrocht. Genetyske stúdzjes wize út dat de heidljurk de sustersoarte is fan 'e skaaien Alauda en Galerida.

De heideljurk briedt yn in grut diel fan Europa, fan súdlik Skandinaavje oant noardlik Afrika en eastlik oant yn Europeesk Ruslân en Turkmenistan. De noardlike en súdeastlike populaasjes binne trekfûgels, wylst de meast westlike en súdlike populaasjes stânfûgels binne.

Meast wurdt de heideljurk yn twa ûndersoarten ferdield mei de folgjende fersprieding:

Lullula arborea arborea (noardlike heidlurk) – de nominaatfoarm briedt yn Europa oan yn Portegal, Noard-Spanje, Noard-Itaalje, de noardlike Balkan, Noardwest-Roemeenje en de Oekraïne. Lullula arborea pallida (Zarudny, 1902), ynklusyf de flavescens (Ehmcke, 1903) en de wettsteini (Niethammer, 1943), briedt fan Súd-Europa oant de Krim, de Kaukasus en Turkmenistan.

Nederlân Oant yn 'e 19e iuw wie de fûgel yn Nederlân net in soad te sjen. Om 1900 hinne begûn de heideljurk syn opmars as breidfûgel yn 'e dunen en dêrnei wreide de fûgel him op 'e sângrûn út. Sûnt 1985 is de populaasje yn Nederlân foars tanommen. De briedpopulaasje fan 'e heideljurk wurdt yn Nederlân op likernôch 5200 oant 6600 (2018-2020) rûsd, lytsere oantallen oerwinterje yn Nederlân, meast yn 'e dunen. De rest fan 'e Nederlânske populaasje oerwinteret yn Súdwest-Europa. De grutste konsintraasjes binne yn 'e dunen oan 'e kust, yn Drinte, op 'e Feluwe, it easten fan Noard-Brabân en it noarden fan Limburch te finen. Yn Fryslân komt de fûgel allinnich yn it súdeasten en op 'e Waadeilannen foar.

Hâlden en dragen thumb|thumb|left|Aaien. It nêst wurdt oer generaal makke fan gers, woartels, moas en plantemateriaal yn in kûltsje yn 'e grûn. It brieden begjin ier, de earste aaien wurden somtiden al foar maart lein. Meastentiids wurde der trije oant fiif aaien lein. It wyfke briedt de wyfeftige aaien mei brune plakjes yn 13 oant 15 dagen út. Beide âlders fuorje de jongen en de jonge fûgeltsjes ferlitte it nêst nei in lytse twa wiken. De famylje bliuwt de hiele simmer oant yn 'e hjerst byinoar. De heideljurk kin yn in jier meardere kearen briede.

Lykas oare soarten yn 'e famylje is de heideljurk as folwoeksen fûgel fral fegetarysk, mar yn it briedseizoen yt er ek middelgrutte ynsekten. It dieet bestiet foar it measte út sied en ynsekten lykas krobben, miggen en motten.

Status De heideljurk hat in ûnbidich grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt as stabyl beskôge. De Ynternasjonale Uny foar Natuerbehâld klassifisearret him as net bedrige (Least Concern, 2024) op 'e Reade list. De wrâldpopulaasje wurdt op likernôch 5 miljoen oant 10 miljoen folwoeksen fûgels rûsd (2018).

Kategory:Heideljurk Kategory:Ljurkfûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Andorra Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Bachrein Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Syprus Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Lybje Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Malta Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Monako Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn San Marino Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Abgaazje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje Kategory:Lânseigen fauna yn Wales Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo