Ljurken (Alauda) foarmje in skaai fan sjongfûgels út de famylje ljurkfûgels (Alaudidae).

It binne middelgrutte sjongfûgels mei in meast brún en streke fearrekleed, in tige goed kamûflaazjekleed yn iepen lânskippen. De soarte kent gjin seksueel dimorfisme. De stevige snaffel is geskikt foar it iten fan sied, mar yn it briedseizoen ite de fûgels ek ynsekten.

Ljurken binne sterk oan 'e grûn bûn en briede ek op 'e grûn, meast yn in kûltsje of nêst tusken lege begroeiïng. It baltsgedrach is opfallend: mantsjes meitsje in sangflecht en bliuwe heech boppe de grûn hingjen. De fûgels ha in foarkar foar iepen lânskip lykas ikkers, steppes en healwoastyn. Soarten

Ofbyld Wittenskiplike namme Fryske namme Fersprieding StatusTrend120px Alauda arvensis ljurk Europa, Aazje, Midden-Easten net bedrigestabylAlauda arvensis op BirdLife120px Alauda gulgula Easterske ljurk iepen gerslân fan Súd-, Sintraal- en East-Aazje, fan it Midden-Easten en Yndia oant Súdeast-Aazje en de Filipinen net bedrigeôfnimmendAlauda gulgula op BirdLife120px Alauda leucoptera wytwjukljurk steppes East-Europa, Sintraal-Aazje net bedrigeôfnimmendAlauda leucoptera op BirdLife120px Alauda razae Rasoljurk Kaapverdje kritykstabylAlauda razae op BirdLife

Kategory:Fûgelskaai Kategory:Ljurkfûgel