De easterske ljurk (Alauda gulgula) is in fûgel yn it skaai fan 'e ljurken (Alaudidae) út de famylje ljurkfûgels (Alaudidae). De fûgel libbet yn iepen gebieten fan Yndia, Súdeast-Aazje en Sina, dêr't er sied en ynsekten yt.
Beskriuwing Easterske ljurken wurde sawat 16 sm lang. Se hawwe boppe in gielbrún fearrekleed mei in strekepatroan. De bûtenste sturtfearren binne wyt. De fûgel hat in koarte túf. Beide skaaien binne ferlyker.
De easterske ljurk ferskilt fan 'e Euraziatyske ljurk. Hy is lytser en hat in langere en spitsere snaffel. De bûtenste sturtfearren binne bleker en hy mist yn 'e flecht de wite efterrâne.
Fersprieding De soarte libbet meastentiids yn iepen gebieten mei koarte fegetaasje, lykas greiden, sompen, rânen fan marren, ensfh. De soarte mijt boskgebieten, alhoewol't er ek yn grutte iepen boskplakken sjoen wurdt. Hy oerwinteret yn 'e súdlike dielen fan syn ferspriedingsgebiet.
Der wurde trettjin ûndersoarten erkend:
A. g. lhamarum (de lytse Kasjmierljurk): libbet yn it Pamirberchtme en de westlike Himalaya. A. g. inopinata: Wurdt op it Tibetaanske Plato en noardwestlik Sina oantroffen. A. g. vernayi: Wurdt yn 'e eastlike Himalaya en súdwestlik Sina sjoen. A. g. inconspicua: Oarspronklik beskreaun as in aparte soarte. Libbet fan súdlik Kazachstan oant eastlik Iran, Pakistan en noardwestlik Yndia. A. g. gulgula: Wurdt fan Noard- en Sintraal-Yndia oant Sry Lanka en eastlik oant noardlik Yndosina oantroffen. A. g. dharmakumarsinhjii: Wurdt oantroffen yn West- en Sintraal-Yndia. A. g. australis: Oarspronklik beskreaun as in aparte soarte. Wurdt yn súdwestlik Yndia oantroffen. A. g. weigoldi: Wurdt yn Sintraal- en East-Sina oantroffen. A. g. coelivox: Oarspronklik beskreaun as in aparte soarte. Wurdt yn súdlik en súdeastlik Sina, noardlik Fjetnam. A. g. sala: Oarspronklik beskreaun as in aparte soarte. Wurdt op it eilân Hainan (foar Súdeast-Sina) oantroffen. A. g. herberti: Wurdt fan Sintraal- en East-Tailân oant Súd-Fjetnam oantroffen. A. g. wattersi: Oarspronklik beskreaun as in aparte soarte. Wurdt oantroffen yn Taiwan. A. g. wolfei: Wurdt op Luzon (noardlike Filipinen) oantroffen.
Hâlden en dragen Se ite sied en ynsekten. De soarte fleant faak omheech yn 'e loft, wjukkelt en sjongt foardat er wer delkomt. Manlike easterske ljurkjes kinne ek yn 'e loft sweve en sjonge om in wyfke te ynteresearjen.
Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje is grut. Oannommen wurdt dat de soarte yn oantal ôfnimt fanwegen ferlies fan habitat, mar net sa bot dat de fûgel as bedrige beskôge wurdt. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) kategorisearret de populaasje dêrom as net bedrige (Least Concern, 2025). Der bestiet gjin rûzing fan 'e wrâldpopulaasje, mar de soarte is algemien yn Pakistan, lokaal algemien yn Yndia, en frij algemien yn Nepal.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Ljurk Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Bachrein Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam