De Rasoljurk (Alauda razae) is in tige seldsume fûgel yn it skaai fan 'e ljurken (Alaudidae) út de famylje ljurkfûgels (Alaudidae). De fûgel is endemysk yn Kaapverdje.

Ferskining De likernôch 18 sm lange ljurkfûgel hat in opfallende tsjokke snaffel, fral by de mantsjes. It is in griisbrún fûgeltsje mei donkere streekjes en in koart, rjochtopsteand túfke. Fan ûnder is de fûgel ljochter, mar ek dêr mei streken. De soarte hat in soad fan 'e Euraziatyske ljurk, mar is lytser en hat koartere wjukken en in koartere sturt.

Fersprieding De soart is endemysk op in lyts en likernôch 7 km² diel fan it ûnbewenne Kaapverdyske eilân Raso. It leefgebiet bestiet út flak en omtrint ûnbegroeid gebiet fan fulkanyske jiske mei dêryn drûge bêden.

Status It ferspriedingsgebiet is tige beheind en de kâns op útstjerren dêrtroch grut. De grutte fan 'e populaasje waard yn 2016 op 250 oant 1.000 folwoeksen fûgels rûsd. Tusken de jierren 1960 en de jierren 1980 waard it oantal pearkes op noch mar 20 oant 50 rûsd. De soarte reägearret sterk op feroaringen yn it klimaat. Fierder nimme fiskers somtiden bisten lykas rotten, katten en hûnen mei nei it eilân. Dêrfandinne stiet de soarte as earnstich bedrige op de Reade list fan 'e IUCN.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Ljurk Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Kaapverdje