Renze Pieter Hiemstra (Sweins, 23 july 1985) is in earder Frysk keatser en fiiffâldich PC winner.

Hiemstra helle 510 punten foar it ivich keatsklassemint. Yn 2013 wûn er mei Johan van der Meulen fan Bitgummole en Hylke Bruinsma fan Minnertsgea foar de earste kear de PC, Renze Pieter Hiemstra waard ta kening útroppen. Dernei soe er noch fjouwer kear de PC winne, foar de fjirde en lêste kear yn 2023, no mei Tjisse Steenstra fan Bitgummole en Hans Wassenaar fan Ljouwert as maten. Ein dat jier naam er op de Aldehoupartij yn Ljouwert ôfskied fan de haadklasse.

Prizen 2004 - Jong Nederlân 2e priis 2006 - Jong Nederlân 4e priis 2006 - de Bond 6e priis 2007 - Jong Nederlân 4e priis 2008 - de Bond 1e priis 2011 - de Bond 4e priis 2012 - de Bond 1e priis 2013 - de Bond 3e priis 2013 - PC 1e priis 2015 - de Bond 3e priis 2015 - PC 2e priis 2016 - de Bond 3e priis 2016 - PC 1e priis 2018 - de Bond 5e priis 2018 - PC 3e priis 2019 - PC 1e priis 2021 - PC 3e priis 2022 - PC 1e priis 2023 - PC 1e priis

Kategory:Frysk keatser Kategory:PC kening Kategory:Persoan berne yn Sweins Kategory:Persoan berne yn 1985