De wynbraudwerchspjocht (Sasia ochracea) is in fûgel út de famylje spjochten (Picidae).
Ferskining De wytbraudwerchspjocht is in tige lyts spjochtsje mei in lichemslingte fan mar 9-10 sm, in tige koart sturtsje en in lytse snaffel. It fearrekleed is olivegrien oan 'e boppekant en oranjebrún oan 'e ûnderkant. Efter it each hat er in wite wynbrau, dêr't de namme nei ferwiist. It mantsje hat in goudgiel plak op 'e foarholle, dat by it wyfke ûntbrekt.
Fersprieding De soarte komt foar yn Súdeast-Aazje en telt trije ûndersoarten:
S. o. ochracea: fan noardlik Yndia (Uttar Pradesh) en Nepal oant noardlik en sintraal Tailân en Fjetnam. S. o. reichenowi: súdlik Birma en súdwestik Tailân. S. o. kinneari: súdlik Sina (Yunnan en Guangxi) en noardlik Fjetnam.
Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, mar tocht wurdt dat er yn oantal ôfnimt, alhoewol net genôch om as bedrige beskôge te wurden. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) klassifisearret de soarte as net bedrige (''Least Concern, 2024).
Kategory:Súdaziatyske dwerchspjocht Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam