Maine-et-Loire is in Frânsk departemint yn 'e regio Pays de la Loire. De haadstêd is Angers.
Skiednis Maine-et-Loire is ien fan 'e oarspronklik 83 departeminten dy't ûntstiene yn 'e tiid fan 'e Frânske Revolúsje op 4 maart 1790. It departemint waard foar it grutste part út it súdlike diel fan 'e eardere provinsje Anjou foarme. Oarspronklik hjitte it departemint Mayenne-et-Loire, mar de namme waard yn 1791 feroare yn Maine-et-Loire. De hjoeddeiske namme is ôflaat fan 'e rivieren Maine en Loire, dy't yn it departemint byinoar komme.
Geografy It departemint hat in fariearre lânskip, mei beboske heuvels yn it suden en noarden en dêrtusken de delling fan 'e Loire. It heechste punt is Colline des Gardes op 210 m. In diel fan 'e Loire-delling, in lokaasje fan it UNESCO-wrâlderfgoed, leit yn Maine-et-Loire. Befarbere rivieren binne de Loire, Sarthe, Mayenne, Loir en de Authion.
Maine-et-Loire bestiet út de folgjende fjouwer arrondisseminten:
Angers Cholet Saumur Segré
Fierder hat it departemint 21 kantons, dy't ferdield binne yn 363 gemeenten
Plakken It grutste plak neffens ynwennertal is de haadstêd Angers. Oare plakken mei mear as 20.000 ynwenners binne:
Gemeente Ynwennertal (2022) Angers 157.544 Cholet 54.074 Saumur 26.074 Sèvremoine 25.764 Beaupréau-en-Mauges 23.887 Chemillé-en-Anjou 21.550
Befolking Ynwenners fan it departemint wurdt Angevins (nei de âlde provinsje Anjou) neamd.
Untwikkeling Jier 1962 1975 1990 1999 2008 2019 Ynwennertal 557.069 629.849 705.882 732.942 774.823 818.273
Ofbylden
Kategory:Lannen fan de Loire Kategory:Departemint fan Frankryk Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1890