De wetterfazant (Hydrophasianus chirurgus) is in fûgel út de famylje fan 'e jakanafûgels (Jacanidae).

Ferskining thumb|left|Wetterfazant mei iepen wjukken. De wetterfazant ûnderskiedt him yn 'e famylje om 't it de iennige soarte is, dy't in aparte briedkleur hat. Yn 'e briedtiid is it fearrekleed opfallend en de sturt lang; bûten de briedtiid is de sturt folle koarter en likernôch 12 sm lang. Yn 'e briedtiid binne de wjukken wyt mei swarte einen op 'e slachpinnen, itjinge goed yn 'e flecht te sjen is. Kop en nekke binne wyt mei op 'e krún in swart plak. Efter op 'e hals hat de wetterfazant in goudgiel glânzgjend plak mei swarte rânen. De middelste sturtfearren binne swartbrún oant ljochtbrún en lang.

Tusken mantsjes en wyfkes binne útsein it formaat gjin grutte ferskillen; it mantsje weaget trochstrings 126 gram, wylst it wyfke folle swierder is en trochstrings 231 gram weaget. Wetterfazanten wurde ynklusyf de sturt fan 25 oant 35 sm sa'n 39 oant 58 sm lang. De fûgel hat lange poaten en tige lange teannen mei klauwen dy't it de fûgel mooglik meitsje om op 'e driuwende fegetaasje te rinnen.

thumb|left|Fearrekleed bûten de briedtiid. Bûten de briedtiid is de fûgel fan boppe grienbrún en is de kop doffer mei minder sprekkende kleuren.

Fersprieding De soarte komt yn sompen fan Sina, Yndia, Súdeast-Aazje en de Filipinen foar. Winterdeis wurdt de fûgel ek op Sumatra en Java. De fûgel is as swalker oant yn Oman, Jemen, Afghanistan, Austraalje en Katar sjoen.

Wetterfazanten binne bûn oan wetter en harren habitat bestiet út marren, dobben, rysfjilden, sompen en oare wettergebieten mei in soad begroeiïng. Hy briedt yn sompelân mei driuwende wetterplanten lykas de Trapa natans, wetterleeljes en hillige lotus (Nelumbo nucifera). Wetterfazanten ite sied, woartels fan wetterplanten, ynsekten en wringeleazen.

Systematyk thumb|250px|Wetterfazant mei piken. De wetterfazant stiet as de iennige soarte yn it skaai Hydrophasianus en wurdt as monotypysk behannele, itjinge betsjut dat er net ferdield is yn ûndersoarten. Syn neiste sibben binne nei alle gedachten de Amerikaanske jakana's.

Status De fûgel hat in grut ferspriedingsgebiet en dêrom is de kâns op útstjerren lyts. De hiele populaasje waard yn 2023 op likernôch 30.000 oant 50.000 folwoeksen fûgels rûsd (Wetlands International 2023). Oannommen wurdt dat de soarte yn oantal tebek rint, mar net sa slim dat de fûgel as bedrige beskôge wurde moat. De IUCN klassifisearret de wetterfazant as net bedrige (Least Concern, 2024) op 'e Reade list.

Kategory:Wetterfazant Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen Kategory:Lânseigen fauna yn Singapoer Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam