Saône-et-Loire is in departemint yn 'e regio Frânske regio Boergonje-Franche-Comté. It haadplak is Mâcon.
Skiednis It departemint is ien fan 'e 83 departeminten dy't oprjochte waarden op 4 maart 1790 yn 'e tiid fan 'e Frânske Revolúsje troch útfiering fan 'e wet fan 22 desimber 1789. It doe nije departemint ûntstie troch gearfoeging fan dielen fan 'e eardere provinsjes Boergonje en Bresse.
Geografy It departemint Saône-et-Loire makket sûnt 1 jannewaris 2016 diel út fan 'e regio Bourgogne-Franche-Comté. Oant 31 desimber 2015 wie dat departemint ûnderdiel fan 'e eardere regio Bourgogne.
Troch it sintrum fan it departemint rint fan noard nei súd de Saône. De Loire rint troch it westlike diel fan it departemint. De twa rivieren wurde mei inoar ferbûn troch it Canal du Centre.
Op 'e heuvels tusken de Loire en Saône wurdt in soad oan wynproduksje dien. Foarbylden fan wynregio's yn dat gebiet binne de Côte Chalonnaise en de Côte Mâconnaise.
Saône-et-Loire bestiet út de folgjende fiif arrondisseminten:
Autun Chalon-sur-Saône Charolles Louhans Mâcon
Ynwenners wurde Saône-et-Loiriens neamd. Grutste gemeenten # Gemeente Ynwennertal (2022) 1 Chalon-sur-Saône 44.592 2 Mâcon 34.759 3 Le Creusot 20.536 4 Montceau-les-Mines 16.946 5 Autun 13.144 6 Paray-le-Monial 9.256 7 Saint-Vallier 8.508 8 Charnay-lès-Mâcon 8.154 9 Digoin 7.380 10 Gueugnon 6.547
Untwikkeling Jier 1962 1975 1990 1999 2008 2019 Ynwennertal 535.772 569.810 559.413 544.893 553.968 551.493
Kategory:Boergonje-Franche-Comté Kategory:Departemint fan Frankryk Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1890