De dwerchjakana (Microparra capensis) is in fûgel út 'e famylje jakanafûgels. It is de iennige soarte yn it skaai Microparra.

Ferskining thumb|left|Fûgel yn Botswana. Lykas de namme al seit is de likernôch 16 sm lange dwerchjakana de lytste soarte yn 'e famylje. Hy is likernôch de helte lytser as de Afrikaanske jakana. De soarte is brún fan boppe en wyt fan ûnder mei in readbrúne kroan en nekke, goudgiel boppe de snaffel, in wite wynbraustreek, in smelle readbrune eachstreek en goudgiele en readbrune plakken op 'e sydkanten fan it boarst. Yn 'e flecht is in wite efterrâne oan 'e wjukken en readbrún op 'e stút en sturt te sjen.

Fersprieding De fûgel hat in grut ferspriedingsgebiet en komt foar yn swietwettergebieten yn in grut part fan Afrika ûnder de Sahara fan Maly oant Gana, eastlik oant Etioopje en súdlik oant Namybje, Botswana en eastlik Súd-Afrika. De fûgel is monotypysk, itjinge betsjut dat der gjin ferdieling is yn ûndersoarten.

Hâlden en dragen De dwerchjakana wurdt yn ûndjip wetter oantroffen. Hy yt meast ynsekten, mar somtiden ek plantedielen. It briedseizoen fan 'e fûgel ferskilt geografysk en neffens de reintiid.

Status De populaasjetrend fan 'e fûgel is ûnbekend, mar it ferspriedingsgebiet is relatyf grut. In rûzing fan 2023 giet út fan in folsleine populaasje fan 16.700 oant 66.700 folwoeksen fûgels. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) beskôget de fûgel net as net bedrige (''Least Concern, 2024).

Kategory:Dwerchjakana Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe