Tonny Eyk, pseudonym fan Teun Eikelboom (De Haach, 4 july 1940 – dêre, 13 desimber 2025), wie in Nederlânsk musikus. Eyk wie komponist, akkordeonist, pianist, orkestlieder, kollumnist en skriuwer fan ferskate reisboeken oer Frankryk. Eyk studearre op it Keninklik Konservatoarium yn Den Haach mei as haadfak tromboane.
Tonny Eyk hat hûnderten kearen yn telefyzjeprogramma's optreden. Eyk hat sawol yn it lichte as yn it klassike sjenre hûnderten komposysjes makke. Komponearre foar ferskate programma's it startmuzykje ûnder oare foar Studio Sport. Tegearre mei tekstdichter Herman Pieter de Boer skreau hy de ferskes Op een onbewoond eiland en Ik heb zo waanzinnig gedroomd fan Kinderen voor Kinderen. Yn de 1990-er jierren wie Tonny foarsitter fan de sjuery yn de Mini Playbackshow presintearre troch Henny Huisman.
Tonny Eyk ferstoar op 13 desimber 2025 yn 'e âldens fan 85 jier nei in koart siik wêzen.
Kategory:Nederlânsk komponist Kategory:Nederlânsk akkordeonist Kategory:Nederlânsk pianist Kategory:Nederlânsk kollumnist Kategory:Nederlânsk tekstskriuwer Kategory:Persoan berne yn 1940 Kategory:Persoan stoarn yn 2025