De readskyldjakana (jacana jacana) is in fûgel út 'e famylje jakanafûgels. It is ien fan 'e twa soarten yn it skaai Amerikaanske jakana's (Jacana).
Ferskining thumb|left|Fleanende fûgels. De fûgel hat lange poaten mei tige lange teannen, dy't it de fûgel mooglik meitsje om oer driuwplanten te rinnen. Readskyldjakana's wurde 17 oant 23 sm lang en de rêch en de wjukdekfearren binne kastanjebrún, de rest fan it lichem is benammen swart. Yn 'e flecht binne grienichgiele wjukfearren sichtber. De snaffel is giel en op 'e foarholle is in read skyld mei by de snaffel hingjende reade hûdflappen. De poaten binne blaugriis.
Guon fan 'e ûndersoarten hawwe in oar fearrekleed, wêrby't de hypomelaena net kastanjebrún hat mar folslein swart is, wylst de scapularis swarte markearrings op 'e rêch en wite fearren oan 'e bûtenkant fan 'e hânpinnen hat.
Fersprieding De fûgel wurdt yn twa groepen fan seis ûndersoarten ferdield: thumb|left|De jacana jacana hypomelaena. J. j. hypomelaena - komt fan westlik en sintraal Panama oant noardlik Kolombia foar. jakana-groep J. j. melanopygia - komt foar fan westlik Kolombia oant westlik Fenezuëla J. j. jacana - komt foar fan súdeastlik Kolombia oant Guyana, Brazylje, Oerûguay en noardlik Argentynje J. j. intermedia - komt foar yn noardlik en sintraal Fenezuëla J. j. scapularis - komt foar yn leechlângebieten fan westlik Ekwador en noardwestlik Perû J. j. peruviana - komt foar yn noardeastlik Perû (legere diel fan 'e Rio Ucayali) en oangrinzgjend noardwestlik Brazylje
Hâlden en dragen Lykas de oare soarten yn 'e famylje fertoant de readskyldjakana polyandrysk briedgedrach: it mantsje briedt de aaien en it wyfke ferdigenet it nêst. In lechsel bestiet út fjouwer brune, swartmarkearre aaien. De fûgel yt ynsekten, oare ynvertebraten en sied, dy't er fan driuwende fegetaasje of fan it wetteroerflak siket.
200x200px 200x200px Aaien Jonge fûgel
Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje, dy't nei alle gedachten stabyl is. Op basis fan dy kritearia kategorisearret de IUCN de soarte as net bedrige (Least Concern, 2020). In rûzing fan 2016 giet út fan in wrâldpopulaasje fan 5.000.000 oant 50.000.000 folwoeksen fûgels.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Amerikaanske jakana Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Arûba Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Paraguay Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname Kategory:Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago Kategory:Lânseigen fauna yn Oerûguay Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla