De Meksikaanske stikelmûsgoffer (wittenskiplike namme: Heteromys irroratus; foarh. Lyomys irroratus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûsgoffers (Heteromyidae) en it skaai fan 'e stikelmûsgoffers (Heteromys). Dit bistke komt foar yn sintraal en noardeastlik Meksiko en de súdpunt fan Teksas. It is in bewenner fan drûge, mei fersille boskjes strewelleguod begroeide biotopen. De Meksikaanske stikelmûsgoffer is in nachtdier mei in herbivoar dieet. De IUCN klassifisearret dit bist as net bedrige.
Taksonomy De Meksikaanske stikelmûsgoffer waard foar it earst yn 1868 wittenskiplik beskreaun troch de Ingelske soölooch John Edward Gray. It bistke waard foarhinne yndield yn it skaai Liomys, mar dat waard yn 2007 gearfoege mei de stikelmûsgoffers (Heteromys) om't út nij DNA-ûndersyk bleken wie dat dat skaai parafyletysk (en dus ûnjildich) wie.
Fersprieding De Meksikaanske stikelmûsgoffer is endemysk yn dielen fan Meksiko en de Amerikaanske steat Teksas. Yn Meksiko komt dit bistke foar yn it Heechlân fan Meksiko, yn it sintrale diel fan it lân, mei útrinners yn trije rjochtings: nei it noardwesten, yn 'e Westlike Sierra Madre, nei it súdeasten, oan Zapotitlán ta yn 'e dielsteat Oaxaca, en nei it noardeasten, fia de Eastlike Sierra Madre en it leechlân oan 'e kust fan 'e Golf fan Meksiko oant de Rio Grande, dy't de grins mei de Feriene Steaten foarmet. Oarekant dy rivier heart ek it uterste suden fan Teksas, de omkriten fan Brownsville en Harlingen, noch ta it ferspriedingsgebiet fan dit bist.
Uterlike skaaimerken Der binne sân ferskillende ûndersoarten fan 'e Meksikaanske stikelmûsgoffer (sjoch: § Undersoarten), en der besteane oansjenlike ferskillen op it mêd fan kleur en grutte tusken de ûnderskate populaasjes. De Guerrerostikelmûsgoffer (Heteromys irroratus guerrerensis) is it grutst, en de westlike Meksikaanske stikelmûsgoffer (H. i. jaliscensis) is it lytst. Oer it algemien kin lykwols steld wurde dat de Meksikaanske stikelmûsgoffer in middelgrutte stikelmûsgoffer is, mei in kop-romplingte fan likernôch 12,5 sm foar mantsjes en 11,9 sm foar wyfkes. De sturt is yn lingte sterk fariabel en mjit 9,6–16,9 sm, wylst it gewicht 34–50 g bedraacht. De earen binne frij grut foar in mûsgoffer, mei in lingte fan 1,2–1,5 sm, wylst de efterpoat 2,3–3,7 sm mjit.
De pels bestiet út sêfte hierren en stive stikels trochinoarhinne, mar om't de hierren plat lizze, falle de stikels nammenste mear op. De boppeste dielen fan 'e kop en it lichem binne grizich brún, en de ûnderste lichemsdielen hawwe in witige kleur. De beide kleurflakken wurde faninoar skaat troch in rôzige of bêzje line dy't fan foarren nei efteren oer de siden rint. De soallen fan 'e poatsjes binne behierre. By healwoeksen eksimplaren binne de boppeste lichemsdielen hielendal griis, en by harren ûntbrekke de stikels noch, dy't pas letter troch it hier hinne groeie.
Biotoop Meksikaanske stikelmûsgoffers jouwe de foarkar oan steppe en drûge kriten dy't begroeid binne mei hjir en dêr in klútsje opgeand strewelleguod. Se komme lykwols ek foar yn wâldgebieten, lykas de dizewâlden yn 'e Súdlike Sierra Madre. Wat hichte oanbelanget, rint de fersprieding útinoar fan seenivo oant 3.500 m dêrboppe. Yn kontreien dêr't de fersprieding fan 'e Meksikaanske stikelmûsgoffer dy fan 'e besibbe bûnte stikelmûsgoffer (Heteromys pictus) oerlapet, libbet de Meksikaanske stikelmûsgoffer yn 'e drûgere, heger leine dielen, wylst de bûnte stikelmûsgoffer him beheint ta de leger leine en relatyf wietere parten fan it lânskip. Hoewol't de Meksikaanske stikelmûsgoffer fan drûge gebieten hâldt, kin er net alhiel sûnder wetter; dêrom ûntbrekt er ornaris yn kriten dy't jiers minder as 500 mm rein krije.
Hâlden en dragen De Meksikaanske stikelmûsgoffer is in nachtdier dat op 'e grûn libbet en ûndergrûnske hoalen graaft om 'e dei rêstend yn troch te bringen. De yngongen dêrfan wurdt kamûflearre mei blêden en oar plantaardich restmateriaal. Meksikaanske stikelmûsgoffers hâlde gjin winter- of simmersliep, mar binne it hiele jier rûn aktyf. Dit bist hat fjouwer ûnderskate foarmen fan fuortbeweging: rinnen, draven, fjouwerjen en as fluchste foarm in kangoeroe-eftige manear fan springen, wêrmei't er yn ien sekonde 11/2 m ôflizze kin.
Meksikaanske stikelmûsgoffers libje nei alle gedachten benammen solitêr. Se hawwe gjin fêste peartiid, mar kinne har it hiele jier rûn fuortplantsje. Dat sein hawwende moat oantekene wurde dat him fan augustus oant en mei novimber in pyk yn 'e fuortplanting foardocht. Dizze bisten binne polygyn yn 'e sin dat mantsjes mei ferskate wyfkes pearje, mar wyfkes (ynsafier bekend) mar mei ien mantsje. De draachtiid duorret likernôch 35 dagen, wêrnei't it wyfke yn har nêsthoale 2–8, mar ornaris 4–5 jongen smyt. Dy komme keal en blyn te wrâld en binne yn 't earstoan folslein ôfhinklik fan fersoarging troch de mem. Mei hoefolle dagen oft de jongen ôfwûn wurde en wannear't se krekt geslachtsryp binne, is anno 2025 noch te min ûndersyk nei dien om mei wissichheid wat oer te sizzen. De libbensferwachting leit by Meksikaanske stikelmûsgoffers om-ende-by de 1–2 jier.
Fretten It dieet fan 'e Meksikaanske stikelmûsgoffer is foar it oergrutte part herbivoar en bestiet primêr út sieden. Dy komme benammen fan ferskillende soarten nettelbeammen (Celtis sp.), meskiit (Neltuma sp.) en oare strûken. De sieden wurde sammele op nachtlike foerazjeartochten en mei werom nommen nei de hoale yn 'e eksterne wangpûden, dy't by mûsgoffers as in soarte fan organyske bûsen of bûdels oan 'e bûtenkant fan 'e wangen sitte. Njonken sieden steane út en troch ek griene plantedielen op it menu, en hiel soms ynsekten. By ûndersiken yn laboratoaria is oan it ljocht kommen dat Meksikaanske stikelmûsgoffers har lichemsgewicht net op peil hâlde kinne sûnder tagong ta drinkwetter.
Natuerlike fijannen De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e Meksikaanske stikelmûsgoffer binne ûlen, lykas de Amerikaanske goudûle (Tyto furcata), de hoale-ûle (Athene cunicularia), de kaktusûle (Micrathene whitneyi) en de fjildûle (Asio flammeus). Mar ek lânrôfdieren hâlde in bedriging yn, lykas de grize foks (Urocyon cinereoargenteus), de prêrjewolf (Canis latrans), de jagûarûndy (Herpailurus yagouaroundi), de Noardamerikaanske katfret (Bassariscus astutus), de sulverdas (Taxidea taxus), de langsturtwezeling (Neogale frenata) en ferskate soarten slangen.
Status De Meksikaanske stikelmûsgoffer hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Der binne gjin spesifike bedrigings foar it fuortbestean fan dizze soarte identifisearre.
Undersoarten Der binne 7 (stân fan saken yn 2005) erkende ûndersoarten fan 'e Meksikaanske stikelmûsgoffer (Heteromys irroratus): Allens Meksikaanske stikelmûsgoffer (H. i. alleni Coues, 1881) (noardlik Heechlân fan Meksiko fan súdlik Chihuahua oant noardlik Michoacán en Tlaxcala, en it noarden fan 'e Eastlike Sierra Madre yn Nij-Leön en súdwestlik Tamaulipas) Bullers Meksikaanske stikelmûsgoffer (H. i. bulleri Thomas, 1893) (westlik en sintraal Jalisco) de Guerrerostikelmûsgoffer (H. i. guerrerensis Goldman, 1911) (westlik Guerrero yn it dizewâld fan 'e Pasifyske útrinners fan 'e Súdlike Sierre Madre) de gewoane Meksikaanske stikelmûsgoffer (H. i. irroratus Gray, 1868) (de nominaat; sintraal en súdlik Oaxaca) de súdllike Meksikaanske stikelmûsgoffer (H. i. torridus Merriam, 1902) (súdlik Heechlân fan Meksiko yn Morelos, Guerrera en it noarden fan Oaxaca) de Teksaanske stikelmûsgoffer (H. i. texensis Merriam, 1902) (noardeastlik Puebla, Veracruz, Tamaulipas en de súdpunt fan Teksas) de westlike Meksikaanske stikelmûsgoffer (H. i. jaliscensis Allen, 1906) (Jalisco, súdlik Zacatecas en súdlik Nayarit)
Kategory:Sûchdieresoarte Kategory:Stikelmûsgoffer Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten