Glânsfazanten (Lophophorus) foarmje in fûgelskaai fan trije soarten út 'e famylje fazanteftigen (Phasianidae). Hoannen fan glânsfazanten binne fûgels mei skimerjende fearren, de hinnen binne folle ienfâldiger fan kleur. Beide skaaien ha in túf (dy fan 'e hin leit meast plat) en in krêftige, bôge snaffel, wêrmei't se yn 'e boaiem nei iten sykje en ek de beferzen grûn iepenskuorre kinne. It iten bestiet út woartel, knollen, sied en ek ynsekten.

Glânsfazanten komme allinnich yn Aazje foar en mear spesifyk yn 'e Himalaya en oangrinzgjende berchtmes op hichten tusken 2.000 en 4.500 m. Se libje yn berchbosken (nulle- en leafbosk) en op alpine greiden.

De fûgels binne meastentiids monogaam en it nêst leit goed ferside op 'e grûn. In lechsel bestiet út 3 oant 6 aaien. De hin sit op 'e aaien en de hoanne bewekket it territoarium.

Soarten Ofbyld Wittenskiplike namme Fryske namme Fersprieding StatusTrend120px Lophophorus impejanus Himalayaglânsfazant Himalaya net bedrige25pxLophophorus impejanus op BirdLife120px Lophophorus lhuysii Sineeske glânsfazant Sintraal-Sina kwetsber25pxLophophorus lhuysii op BirdLife120px Lophophorus sclateri wytsturtglânsfazant Noardeast-Yndia, noardlik Birma net bedrige25pxLophophorus lhuysii op BirdLife

Kategory:Fûgelskaai Kategory:Fazanteftige