thumb|Koch yn syn atelier. Op'e eftergrûn De oogst út 1953.

Pieter Frans Christiaan (Pyke) Koch (Beek (Berg en Dal), 15 july 1901 - Wassenaar Schilder Pyke Koch overleden (90), NRC 30 oktober 1991. Sjoch ek webside fan Pyke Koch Stichting. Yn in tal publikaasjes wurdt by fersin De Haach as plak fan ferstjerren neamd., 27 oktober 1991) wie in Nederlânske keunstskilder.

Koch en Carel Willink wurde beskôge as de wichtichste fertsjintwurdigers fan it neo- of magysk realisme yn Nederlân, in streaming wêrby't op in realistyske wize skildere wurdt, en foarstellingen makke wurde dy't wol mooglik, mar net wierskynlik binne. Hy skildere bûtengewoan detaillearre. Krekt troch alle details yn syn wurk soene minsken dêr ferburgen betsjuttings yn sykje. Sa soene der alderhande ferwizings yn sitte nei foarfallen út syn eigen libben. Meijer, Annelys en Carel Blotkamp. Pyke Koch. Paris: Institut Néerlandais, 1982. Yn in soad fan syn wurk is dúdlik te sjen dat er him ynspirearje liet troch eardere perioaden yn de keunstskiednis. Benammen it wurk fan de Italjaan Piero della Francesca hat him bot beynfloede.

Wurken Kar-út: 1929: Portret van Asta NielsenAsta Nielsen Pyke Koch centraalmuseum.nl. 1930: Mercedes van Barcelona 1931: Bertha van Antwerpen 1931: De Schiettent 1937: Zelfportret met zwarte band (wurdt wol ynterpretearre as stipe oan it fassisme)Arnold Heumakers: Pyke Koch: Zelfportret met zwarte doek. Yn: De Revisor. 30e jiergong, 2003, s. 67–69, dbnl.org). Oarlochspostsegels

Keppelingen om utens Pyke Koch (1901–1991) artnet.de Pyke Koch, geliefd en verguisd filavaria.nl Nederlands Instituut voor Kunstgeschiedenis (NL-HaRKD-0899): Koch, Pyke en Heddy Koch-de Geer. (rkddb.rkd.nl PDF). Wurk fan Pyke Koch yn it Centraal Museum Utrecht (centraalmuseum.nl of centraalmuseum.nl)

Kategory:Nederlânsk keunstskilder Kategory:Nederlânsk grafikus Kategory:Súdgeldersk persoan Kategory:Persoan berne yn 1901 Kategory:Persoan stoarn yn 1991