De Sineeske glânsfazant (Lophophorus lhuysii) is in seldsume en endemyske berchfûgel út 'e famylje fazanteftigen (Phasianidae).

Ferskining thumb|left|Lophophorus lhuysii De fûgel is 75–80 sm grut. De kleurrike hoanne hat in skimerjend fearrekleed mei in griene kop, pearse túf, in koperkleurige nekke en boppemantel, pearsgriene boppedielen, in pearsgriene sturt en in witige ûnderrêch. Fierder is de ûnderkant swarteftich en is de hûd om it each fearreleas blau.

De lytsere hin hat in minder grutte túf en in fearrekleed mei in donkergrize en brune tekening. De ûnderkant is streke, de rêch is wyt en de sturt is readbrún mei fine swarte bannen.

Fersprieding en systematyk De Sineeske glânsfazant libbet yn 'e bercheftige regio's fan súdlik Gansu, noardwestlik Sichuan en Yunnan yn Sina. Desoarte wurdt as monotypysk behannele, itjinge betsjut dat er net ferdield is yn ûndersoarten.

De fûgel libbet yn rododendronstrûken en op alpine greiden en rotsen boppe de beamline op hichten fan 2.800 oant 4.900 m, mar migrearret somtiden nei leger gebiet yn 'e nullebosksône. De fûgel yt woartels, knollen, blêden en blommen. Hy briedt tusken maart en juny, earder as oare glânsfazanten. Mooglik briedt de fûgel net alle jierren.

Status De wrâldpopulaasje wurdt op 6.000–10.000 folwoeksen fûgels rûsd (2017). Oannommen wurdt dat de oantallen ôfnimme troch ferlies fan habitat en jacht yn in al fragmintearre gebiet. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) kategorisearret him dêrom as net bedrige (VU, 2022).

Namme De wittenskiplike namme fan ' e soarte is neamd nei de Frânske diplomaat en politikus Édouard Drouyn de Lhuys.

Kategory:Glânsfazant Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Sina