Akwamaryn is in kleur dy't yn 'e regel beskôge wurdt as in tint fan blau, hoewol't party minsken it as in foarm fan grien sjogge. Yn 'e kleuresirkel sit dizze kleur tusken syaan en grien yn. Akwamaryn is ferneamd nei de ealstien akwamaryn, in mineraal dat ornaris oantroffen wurdt yn granyt. Yn it Ingelsk datearret it earste dokumintearre gebrûk fan 'e term akwamaryn (aquamarine) as oantsjutting foar in kleur út 1598.
Galery
Akwamaryntinten De wichtichste tinten akwamaryn binne:
akwamaryn #7FFFD4 akwamaryn (RGB) #00FFC0 tuskenbeiden akwamaryn #66CDAA
Kategory:Kleur