Dora van der Groen (Antwerpen, 10 maart 1927 – Geel, 8 novimber 2015) wie in Flaamske aktrise. Se wurke ek as toanielpedagoge en as toanielregisseuze. Actrice Dora van der Groen overleden. Argivearre op 3 maart 2016.
Libben en wurk Van der Groen begûn as aktrise by de Antwerpse Koninklijke Nederlandse Schouwburg en letter spile se by de Brusselse Koninklijke Vlaamse Schouwburg. Fan 1978 ôf wie se artistyk lieder fan de toanielôfdieling fan it Koninklijk Vlaamsk Muziekkonservatorium yn Antwerpen, oant dy ôfdieling gearfoege waard mei de Studio Herman Teirlinck.
Se ferskynde tusken 1945 en 2003 yn goed 120 films en tillefyzjesearjes. Se spile Vrouw Coene yn Wij, Heren van Zichem en hie de haadrol, njonken Kees Brusse, yn 'e film Dokter Pulder zaait papavers út 1975, dy't ynskreaun waard foar it 26e Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn.
Se wie troud mei de akteur Tone Brulin en letter mei Wies Andersen. Ut it earste houlik hie se twa soannen. Ut it twadde waard de regisseur Brick de Bois berne. .https://web.archive.org/web/20140102200041/http://depot.vti.be/dspace/bitstream/2147/357/1/KTL_VDGroenNL_online%5B1%5D.pdf Yn 2009 waard hja beneamd ta kommandeur yn de Kroonorde fan België.
Se brocht har lettere jierren troch yn in fersoargingshûs en ferstoar yn 2015 yn de âldens fan 88 jier.
Films De ordening (2003) Villa des Roses (2002) Pauline & Paulette (2001) Mariken (2000) Film 1 (1999) S. (1998) Blazen tot honderd (1998) Leonie (1997) Antonia (1995) Minder dood dan de anderen (1992) Eline Vere (1991) Jan Rap en z'n maat (1989) L'Oeuvre au noir (1988) Havinck (1987) Dagboek van een oude dwaas (1987) L'Été provisoire (1985) De Aardwolf (1984) Jan zonder Vrees (1984) De Vlaschaard (1983) Het verleden (1982) Alleen (1982) Rubens, schilder en diplomaat (1977) De komst van Joachim Stiller (1976) Dokter Pulder zaait papavers (1975) Keetje Tippel (1975) Kind van de zon (1975) Dakota (1974) Camera Sutra (of de bleekgezichten) (1973) Het Dwaallicht (1973) Rolande met de bles (1972) La maison sous les arbres (1971) Ieder van ons (1971) Malpertuis (1971) Monsieur Hawarden (1969) Het geluk komt morgen'' (1958) www.nytimes.com/movies/person/219476/Dora-van-der-Groen/filmography
Kategory:Flaamsk filmakteur Kategory:Flaamsk telefyzje-akteur Kategory:Flaamsk toanielregisseur Kategory:Persoan berne yn 1927 Kategory:Persoan stoarn yn 2025