Cluny is in stêd en gemeente yn it Frânske departemint Saône-et-Loire, regio Boergonje-Franche-Comté mei in oerflak fan 23,71 km² en in ynwennertal fan 4.980 minsken (1 jannewaris 2022).

Skiednis thumb|left|De yn 'e tiid fan 'e Frânske Revolúsje foar in grut part ôfbrutsen kleastertsjerke. Cluny is ynternasjonaal bekend fanwegen de oarder fan Cluny, dy't yn 'e midsiuwen in tige grutte ynfloed hie op it religieuze, politike en kulturele libben yn West-Europa. De benediktynske abdij waard yn 910 stifte en wie it sintrum fan in machtige monastike herfoarmingsbeweging, dy't trije iuwen duorre. It kleaster stie streekrjocht ûnder de paus en dat betsjutte dat it kleaster in grutte selsstannigens en gjin lêst hie fan bemuoisucht fan wrâldske hearskers of biskoppen. Cluny wie yn 'e bloeitiid it memmekleaster fan likernôch 1400 kleasters en priorijen en likernôch 10.000 muontsen.

It besjen wurdich Alhoewol't in grut part fan 'e abdijgebouwen yn 'e Frânske Revolúsje ferneatige binne en ek de ûnbidich grutte kleastertsjerke foar 90% ôfbrutsen waard, binne de resten dêrfan noch jimmeroan it besjen wurdich. Yn it Musée d'Art et d'Archéologie is in samling fan keunstwurken fan 'e abdij te sjen. De Tour des Fromages (Tsiistoer) is de âlde slottoer fan 'e abdij en kin beklommen wurde.

Cluny hat midsiuwske hûzen de 11e-14e iuw. Yn 'e Rue du Merle stiet it âldste hûs fan Frankryk, dat út it jier 1091 stamt.

De Église Notre-Dame (Us-Leaffrouwetsjerke) is de belangrykste parochytsjerke en boud tusken de 12e en 15e iuw. De Église Saint-Marcel (Sint-Marseltsjerke) stiet op it plak fan 'e eardere kapel fan Sint-Odon en datearret út de 11e iuw. It meast opfallende diel is de romaanske klokketoer; de spits is 16e-iuwsk.

De Haras National de Bourgogne is in hynstehâlderij dy't ûnder Napoleon boud waard. Omkriten Château de Saint-Point (10 km fan Cluny) De romaanske abdij fan Tournus (30 km) It doarp Chapaize (18 km) Taizé (11 km)

Kategory:Plak yn Frankryk Kategory:Gemeente yn Frankryk Kategory:Plak yn Saône-et-Loire Kategory:Gemeente yn Saône-et-Loire