De Afrikaanske jakana (Actophilornis africanus) is in fûgel út 'e famylje jakanafûgels. De fûgel dielt it skaai Actophilornis mei de Madagaskarjakana.

Ferskining thumb|left|Pykje. De fûgel mjit 23 oant 31 sm yn lingte. Lykas by oare jakana's is it wyfke trochstrings grutter as it mantsje. Mei de likernôch like grutte Madagaskarjakana is it de swierste jakanafûgel fan 'e famylje. It fearrekleed is kastanjebrún mei in gieleftige boarstbân, in wite kiel en wite wangen, in swarte kroan, swarte nekke, swarte eachstreep en swarte wjukpunten. De snaffel en foarholleskyld binne ljochtblau. De poaten binne mear griisblau.

Fersprieding De soarte wurdt op marren, fivers en wiete gebieten yn Afrika ûnder de Sahara oantroffen. Hy wurdt behannele as monotypysk, itjinge betsjut dat de fûgel net yn ûndersoarten ferdield wurdt. Genetysk is er it meast besibbe oan 'e twa oare Afrikaanske jakanafûgels, de Madagaskarjakana en de dwerchjakana, mar ek oan de brûnswjukjakana en de Australyske jakana.

Yn gebieten mei permaninte wiete lannen kinne de fûgels it hiele jier troch briede. Yn gebieten sûnder permaninte wiete lannen briede de fûgels lykwols allinich by de seizoensfloeden dy't folgje op it reinseizoen.

Hâlden en dragen thumb|left|Aaien. De Afrikaanske jassana is polyandrysk, wat betsjut dat mantsjes de aaien útbriede en fersoargje, wylst wyfkes nei it pearjen mei in earste mantsje mei oare mantsjes pearje kinne. It wyfke leit fjouwer aaien yn in ienfâldich nêst, boud tusken driuwende fegetaasje yn ûndjip wetter of op in lyts flot fan planten yn wat djipper wetter. De aaien binne brún en ha swarte markearrings. It mantsje kin de jongen oppakke en ûnder syn wjukken drage.

It dieet fan 'e fûgels bestiet benammen út ferskate lytse bisten, lykas ynsekten, wjirms, spinnen, kreeften en weakdieren dy't se yn 'e wiete gebieten fine, mar soms kin er ek sied of woartels ite.

Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje, dy't nei alle gedachten stabyl is. Op basis fan dy kritearia kategorisearret de IUCN de soarte as net bedrige (Least Concern, 2024) op 'e Reade list. De wrâldpopulaasje wurdt op likernôch 667.000 folwoeksen fûgels rûsd (2023)

Kategory:Afrikaanske jakana Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe