De Madagaskarjakana (Actophilornis albinucha) is in fûgel út 'e famylje jakanafûgels. De fûgel dielt it skaai Actophilornis mei de Afrikaanske jakana.
Ferskining thumb|left|Madagaskarjakana. Lykas de oare soarten yn 'e famylje hat de Madagaskarjakana lange poaten en tige grutte teanen mei klauwen, dy't de fûgel helpe om op driuwende wetterplanten te rinnen. Mei in lingte fan 30 sintimeter is de Madagaskarjakana like grut as syn sibbe, de Afrikaanske jakana. It fearrekleed fan 'e kop is lykwols krektoarsom: wyt op 'e kroan en yn 'e nekke en glânzgjend swart op 'e kiel en hals gesicht en de nekke. It liif en de wjukken binne kastanjebrún, útseinde haadslachpinnen dy't swart binne. Op 'e stút binne de fearren wyt. De snaffel en it skyld op 'e foarholle binne blau.
Fersprieding De soarte is endemysk op Madagaskar. Ït habitat fan 'e fûgel bestiet út marren, fivers en sompen mei in soad begroeiïng. De fûgel is monotypysk, itjinge betsjut dat der gjin ferdieling yn ûndersoarten is.
Hâlden en dragen Lykas oare soarten yn 'e famylje is de soarte polyandrysk. It mantsje briedt de aaien út.
Status De grutte fan 'e populaasje waard yn 800 oant 1600 folwoeksen fûgels rûsd en oannommen wurdt dat de oantallen ôfnimme troch jacht en ferlies fan habitat. Op 'e Reade list fan 'e IUCN stiet de soarte as bedrige (Endangered, 2020) klassifisearre.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Afrikaanske jakana Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Madagaskar