De brûnswjukjakana (Metopidius indicus) is in fûgel út de famylje fan 'e jakanafûgels (Jacanidae).

Ferskining thumb|left|Jonge fûgel. De 28 oant 31 sm lange fûgel hat in lang hals, lange spite wjukken en lange poaten mei tige lange teannen mei neils, dy't der foar soargje dat syn gewicht by it rinnen oer wetterplanten ferdield wurdt. De snaffel is giel en de fearren binne donker, yn it ljocht grien en blau glânzgjend, mei brûnsgriene wjukken. Folwoeksen fûgels hawwe in wite wynbraustreek. De jonge fûgel is ljochter mei brune boppekanten, in wite ûnderkant en in brúnoranje tint op it boarst.

Fersprieding De soarte komt foar yn Aazje fan Yndia oant Fjetnam en Sumatra en Java. De fûgel wurdt as monotypysk behannele, itjinge betsjut dat der gjin ferdieling is yn ûndersoarten.

Hâlden en dragen thumb|250px|Fleanende brûnswjukjakana. De soarte komt foar yn wiete gebieten mei in soad driuwende begroeiïng. Hy wurdt ek yn rysfjilden en fochtige greide mei tichte fegetaasje waarnommen. Oer it algemien komt de fûgel foar yn lytsere wiete gebieten as de wetterfazant, dêr't er syn ferspriedingsgebiet mei dielt. De soarte yt ynsekten, slakken en oare wringeleaze dierkes fan it wetteroerflak of de wetterplanten en út en troch ek wol plantaardich materiaal.

De brûnswjukjakana briedt yn 'e moessontiid; yn juny op Java en tusken ein july en begjin septimber yn súdlik Yndia. It is in polyandryske fûgel mei in wyfke dat briedt mei ien oant fiif mantsjes. It nêst sit yn tichtere fegetaasje as by oare jakanasoarten. It wyfke leit trije oant fjouwer aaien, dy't it mantsje yn 26-29 dagen útbriedt.

Status It ferspriedingsgebiet en de populaasje binne relatyf grut en yn 2023 waard de populaasje op 33.300 oant 66.700 folwoeksen fûgels rûsd. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) kategorisearret de soarte as net bedrige (Least Concern, 2024) op 'e Reade list.

Kategory:Brûnswjukjakana Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam