Yunnan is in provinsje yn it súdwesten fan 'e Folksrepublyk Sina. Yunnan bestiet út meardere autonome prefektueren, wêrûnder Xishuangbanna. Yn Yunnan wenje in soad minderheden, dy't meiïnoar likernôch in tredde fan 'e befolking útmeitsje.

Skiednis Sûnt it begjin fan 'e 14e iuw makke it grutste part fan Yunnan ûnderdiel út fan it ryk fan 'e Yuan-dynasty. Nei de fal fan 'e dynasty yn 1368 bleaune der in pear fersetgebieten tsjin 'e Ming-dynasty in Yunnan aktyf. In 1381 waarden dy troch in leger fan 'e Ming útskeakele.

Healwei de 13e iuw, nei't de Mongoalen it keninkryk Dali om 1254 hinne ûnhearrich makken, ûntstie yn it súdeasten fan Sina in machtsfakuüm, wêrfan't de keningen fan Mong Mao gebrûk makken om harren gebiet út te wreidzjen. Yn 1448 waard Mong Mao troch in koälysje fan 'e Ming mei lokale Dai-hearskers fan oangrinzgjende gebieten ûnderwurpen. Yn 1855 hearske yn Yunnan de pest, it begjin fan 'e tredde pandemy fan dy sykte, dy't in iuw lang oer de wrâld wierje soe.

Stêden Anning Chuxiong Dali Jinghong Kaiyuan Kunming (haadstêd) Lijiang Luxi Qilin Qujing Ruili

Bestuurlijke indeling De bestjoerlike yndieling fan Yunnan is as folget:

350px Nû Namme Sineeske karakters Hànyǔ pīnyīn Stedsprefektueren1Kunming昆明市Kūnmíng Shì2Qujing曲靖市Qǔjìng Shì3Yuxi玉溪市Yùxī Shì4Baoshan保山市Bǎoshān Shì5Zhaotong昭通市Zhāotōng Shì6Lijiang丽江市Lìjiāng Shì7Pu'er普洱市Qǔjìng Shì8Lincang临沧市Líncāng Shì Autonome prefektueren9Dehong Dai en Jingpo德宏傣族景颇族自治州Déhóng Dǎizú Jǐngpōzú Zìzhìzhōu10Nujiang怒江傈僳族自治州Nùjiāng Lìsùzú Zìzhìzhōu11Dêqên迪庆藏族自治州Díqìng Zàngzú Zìzhìzhōu12Dali大理白族自治州Dàlǐ Báizú Zìzhìzhōu13Chuxiong楚雄彝族自治州Chǔxióng Yízú Zìzhìzhōu14Honghe红河哈尼族彝族自治州Hónghé Hānízú Yízú Zìzhìzhōu15Wenshan文山壮族苗族自治州Wénshān Zhuàngzú Miáozú Zìzhìzhōu16Xishuangbanna西双版纳傣族自治州Xīshuāngbǎnnà Dǎizú Zìzhìzhōu

Ofbylden

Kategory:Provinsje fan Sina Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1912