Gelderske Buorren (offisjeel Gelderse Buurt) is in buorskip yn de gemeente fan Hollâns Kroan yn Nederlânske provinsje Noard-Hollân. Yn 2006 hie de buorskip mei de omkriten 780 ynwenners.

Topografy Gelderske Buorren leit krekt westlik fan Anna Paulowna, oan de Mûnefeart.

Skiednis De buorskip hat de namme krigen troch de oankomst fan earme húshâldings út 'e Betuwe yn Gelderlân, oan 'e ein fan 'e jierren 1840, dy't troch de predikant Otto Gerhard Heldring nei de doe nije Anna Paulownapolder brocht waarden. Dit wie lykwols net tige suksesfol, en de measte húshâldens gongen werom nei Gelderlân.Noard-Hollânpad: Lânskipsbeskriuwing Etappe 4: Julianadorp - Kolhorn, Provinsje Noard-Hollân. Argyf op 9 maart 2016. De namme is lykwols bleaun.

Oant 31 desimber 2011 hearde de Gelderske Buorren ta de gemeente Anna Paulowna, dy't op 1 jannewaris 2012 by in gemeentlike weryndieling yn Nederlân opgie yn de gemeente Hollâns Kroan.

Kategory:Plak yn Hollâns Kroan