Rapa Iti, ek wol koartwei Rapa neamd, is it grutste en iennichste bewenne eilân yn 'e Basseilannen fan Frânsk-Polyneezje. De namme Rapa Iti betsjut yn it Polynezysk "Lyts Rapa", ta ûnderskie fan Rapa Nui, "Grut Rapa" (better bekend as Peaske-eilân). It is ien fan 'e meast ôfhandige en isolearre eilannen yn 'e wrâld, dat midden yn 'e Stille Súdsee leit. Rapa Iti is fan fulkanyske oarsprong. Neffens de folkstelling fan 2022 hie it eilân doe 451 bewenners.
Geografy Rapa Iti leit likernôch yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan, besuden de Stienbokskearkring. Mei it ûnbewenne Marotiri en guon riffen dy't der by floed ûnder strûpe foarmet it de arsjipel fan 'e Basseilannen, dy't ferneamd binne nei de Ingelske ûntdekkingsreizger George Bass. De Basseilannen wurde ornaris sjoen as ûnderdiel fan in gruttere arsjipel, de Australeilannen, hoewol't der likernôch 500 km iepen oseaan sit tusken Rapa Iti en it neiste oare bewenne eilân fan dy groep, Ra‘ivāvae. Geografysk heart it hiele gebiet ta de gruttere regio Polyneezje, dêr't û.m. Tonga, Samoä, de Cookeilannen, de Hawaï-eilannen, Peaske-eilân en Nij-Seelân ek ûnder falle. Bestjoerlik makket Rapa Iti diel út fan Frânsk-Polyneezje, dat in oerseesk gebietsdiel fan Frankryk is.
Rapa Iti sels hat in oerflak fan 38,5 km², mar as alle ûnbewenne en foar it meastepart rotseftige eilantsjes foar de kust fan it haadeilân meirekkene wurde, groeit it oerflak ta 40,5 km². It grutste fan 'e lytsere eilantsjes is Tauturau. Rapa Iti hat in lumige foarm, dy't rûchwei oerienkomt de wurdeinige fariant fan 'e letter sigma (ς) út it Gryksk alfabet. It eilân is fan fulkanyske oarsprong en wurdt foarme troch de stadich fersinkende krater fan in útdôve fulkaan. Yn 'e Ahureibaai liket de see djip yn it lân yn te snijen, mar eins makket dy ynham diel út fan 'e âlde fulkaankrater, wêrfan't yn it easten in diel ûnder de seespegel ferdwûn is. It heechste punt fan it eilân is de berch de Perahu (it heechste diel fan 'e kraterrâne), mei in hichte fan 650 m boppe seenivo.
Skiednis De ierste minsklike bewenners fan Rapa Iti wiene Polyneezjers dy't har der nei alle gedachten yn 'e tolfde iuw nei wenjen setten. Troch de ôfhandige lizzing fan it eilân wie de isolaasje grut, mar der bestiene hannelskontakten mei û.o. de Australeilannen, de Markesaseilannen, de Tûamotû-eilannen, de Genoatskipseilannen en Peaske-eilân, dy't oan it koloniale tiidrek ta nea ferlern giene. Oarspronklik wennen de Rapanen yn doarpen oan 'e kust, mar fanwegen de oanboazjende tribale oarlochfiering op it eilân waarden dy wenplakken yn 'e santjinde of achttjinde iuw ferlitten. Fan dat stuit ôf setten de eilanners har nei wenjen yn fyftjin ûnderskate heuvelforten, wêrfan't de ruïnes hjoed de dei noch besteane. De oarloggen hiene nei alle gedachten te krijen mei oerbefolking en dêrtroch útput reitsjende natuerlike helpboarnen.
De earste Jeropeaan fan wa't it besyk oan Rapa Iti dokumintearre is, wie de Ingelske ûntdekkingsreizger George Vancouver, dy't it eilân op 22 desimber 1791 oandie en it de namme Oparo joech. Kontakten mei Jeropeänen brochten de eilânbewenners sterke drank en it dêrmei mank geande alkoholisme, en teffens besmetlike sykten, dy't yn Jeropa endemysk wiene, mar dêr't de Rapanen gjin ymmuniteit tsjin hiene. Fan gefolgen kaam tusken 1824 en 1830 trijefjirde part fan 'e eilânbefolking te ferstjerren. Fan 'e midden fan 'e njoggentjinde iuw ôf kaam dêr noch in oare pleach by, yn 'e foarm fan Perûviaanske en Sileenske slavehellers, dy't it eilân binnenfoelen, bewenners finzen namen en mei harren fuortfearen om se yn Súd-Amearika as slaven te ferkeapjen. Doe't it in hantsjefol oerlibbenen slagge om wer thús te kommen, namen se it pokkefirus mei en feroarsaken se op Rapa in epidemy. Yn 1826 hie it eilân noch krapoan 2.000 bewenners; yn 1866, fjirtich jier letter, wiene dêr minder as 120 fan oer.
Rapa, dat oant dy tiid in ûnôfhinklik keninkrykje west hie, waard yn 1867 in protektoraat fan Frankryk. Doe't de Britten in stienkoalopslach op it eilân stiften, om harren steamskippen te werbefoarriedzjen, wie dat foar Frankryk oanlieding om Rapa Iti op 6 maart 1881 as in koloanje te anneksearjen. Neitiid waard op 18 juny 1887 it lânseigen regear hielendal oan 'e kant skood en de lêste keninginne ôfset.
Sa kaam Rapa Iti by de saneamde Établissemants de l'Océanie (de "Oseänyske Fêstigings") te hearren, sa't de Frânske koloanje yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan doe hiet. Yn 1903 waard de namme fan 'e koloanje feroare yn Établissements françaises d'Océanie ("Frânske Fêstigings yn Oseaanje"), ôfkoarte ta EFO. Nei ôfrîn fan 'e Twadde Wrâldoarloch waard it gebiet yn 1946 ûnder de grûnwet fan 'e Frânske Fjirde Republyk omfoarme fan in koloanje ta in oerseesk territoarium. Dat betsjutte dat alle bewenners fan Rapa Iti de Frânske nasjonaliteit krigen en steatsboargers fan Frankryk waarden mei alle rjochten dy't dêrmei mank giene, lykas it stimrjocht yn Frânske ferkiezings. De namme fan it gebietsdiel waard yn 1957 offisjeel feroare yn Polynésie française ("Frânsk-Polyneezje").
Bestjoer Bestjoerlik makket Rapa Iti diel út fan Frânsk-Polyneezje, in semy-autonoom oerseesk gebietsdiel fan Frankryk mei de dûbele politike status fan in oerseeske kollektiviteit (collectivité d'outre mer, COM) en in oerseesk lân binnen de Frânske Republyk (pays d'outre mer au sein de la République, POM). Binnen Frânsk-Polyneezje heart it eilân ta de 'bestjoerlike ûnderferdieling' (Frânsk: subdivision administrative) fan 'e Australeilannen. De bestjoerlike ûnderferdieling is sels wer opdield yn gemeenten (Frânsk: communes), en ien fan 'e gemeenten fan 'e Australeilannen (mei as namme "Rapa") wurdt foarme troch de Basseilannen (Rapa Iti en it ûnbewenne Marotiri).
Demografy Neffens sifers fan 'e folkstelling fan 2022 hie Rapa Iti doe 451 bewenners. De befolkingstichtens kaam dêrmei út op 11,1 minsken de km². It haadplak fan it eilân hjit yn it Rapaansk Ha‘urei (Frânsk: Ahurei), en leit oan 'e Ahureibaai. In lytser doarp, ‘Area, leit oan 'e noardkant fan dyselde baai.
De eilânbefolking bestiet yn grutte mearderheid út Rapanen. Dat is in etnyske groep dy't ta de Polynezyske folken heart. Fan harren wiene der yn 2017 omtrint 700 yn Frânsk-Polyneezje, wêrmei't se 0,3% fan 'e befolking útmakken. Harren taal is it Rapaansk, dat ta de Polynezyske taalkloft fan 'e Austronezyske supertaalfamylje rekkene wurdt. Neffens sifers út 2007 hie it Rapaansk doe 300 sprekkers (66,7% fan 'e befolking fan Rapa, mar 42,9% fan 'e etnyske groep). De iennichste offisjele taal yn Frânsk-Polyneezje (en dus ek op Rapa Iti) is lykwols it Frânsk.
Klimaat Hoewol't Rapa Iti in hiel ein ûnder de evener leit, hat it lykwols dochs in tropysk klimaat, al sit dat tsjin 'e grins fan in subtropysk klimaat oan. De simmers binne waarm en de winters (dy't op it súdlik healrûn fan juny oant septimber falle) binne tige myld, hoewol te kâld om wier tropyske fruchten, lykas kokosnuten, te ferbouwen. Yn febrewaris, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 26,5 °C, en yn augustus, de kâldste moanne, is dat 20,5 °C. Tige hjit waar is seldsum, en de alderheechste temperatuer dy't ea op Rapa Iti metten is, wie 31,6 °C. It eilân kriget jiers trochinoar 2.436 mm delslach, dy't benammen fan desimber oant en mei augustus falt.
Floara en fauna Op Rapa Iti komt de krityk bedrige Rapajufferdo (Ptilinopus huttoni) foar, dy't endemysk is op it eilân. It is mei it bist yn 'e nederklits rekke troch habitatferlies, oerbejaging en predaasje troch ferwyldere katten. Yn 2017 bestie de hiele wrâldpopulaasje fan dizze fûgel út 160 eksimplaren. In oare krityk bedrige soarte, de Rapamok (Puffinus myrtae), libbet inkeld op 'e lytse rotseilantsjes om it haadeilân hinne. Oare fûgels dy't op Rapa Iti foarkomme, binne Murphy's seemok (Pterodroma ultima), dy't der yn lytse oantallen briedt, en de Súdseewylp (Numenius tahitiensis), in trochtrekker dy't op it eilân útrêst en yt. Omreden fan it belang fan it eilân foar de neamde fûgelsoarten, hat BirdLife International Rapa Iti útroppen ta in "Wichtich Fûgelgebiet".
Kategory:Eilân yn Frânsk-Polyneezje Kategory:Eilân yn de Grutte Oseaan Kategory:Polyneezje