De Maleiske dwerchspjocht (Sasia abnormis) is in fûgel út de famylje spjochten (Picidae).
Ferskining De Maleiske dwerchspjocht is in tige lytse spjocht fan mar 8 oant 9,5 sm. De soarte hat mar in hiel koart sturtsje en in kompakt bealchje mei ûnder in oranjeread en boppe in olivegrien fearrekleed. De soarte roffelet ferrassend lûd foar sa'n lyts fûgeltsje. De Maleiske dwerchspjocht hat in soad fan 'e wynbraudwerchspjocht, mar mist de wite wynbrau.
Fersprieding De soarte komt foar yn Maleizje en de Grutte Sûnda-eilannen en wurdt yn twa ûndersoarten ferdield:
S. a. abnormis: Maleizje en fan Sumatra oant Borneo. S. a. magnirostris: Nias (noardwestlik fan Sumatra).
Habitat De fûgel komt foar yn tichte jonge bosken fan leechlângebieten oant de legere bergen, faak yn bamboebosk. Hy libbet fral yn leechlizzende fegetaasje, selden yn hegere begroeiïng.
Status Der bestiet gjin rûzing fan 'e populaasje mar de fûgel soe algemien foarkomme. Op 'e Reade list fan 'e IUCN stiet de soarte as net bedrige (Least Concern, 2024) klassifisearre.
Kategory:Súdaziatyske dwerchspjocht Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Brûnei Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân