Johannes Westra (Ljouwert, 8 jannewaris 1946) is in earder Frysk keatser, sportbestjoerder en winner fan it klaverke Fjouwer.

Westra helle 379 punten foar it ivich keatsklassemint. Doe't er fjirtjin jier âld wie wûn Johannes foar Ljouwert de Freulepartij yn Wommels en mocht it tradisjonele gouden horloazje yn ûntfangst nimme. Fjouwer jier letter, yn 1964, wûn er de Jong Nederlânpartij.

Yn 1968 wûn er mei Johan van Seijst fan Frjentsjer en Tamme Velstra fan Baard foar de earste kear de PC. in jier letter wûn er foar de twadde kear de PC, dy kear mei Johan van Seijst en Sikke Sikkema beide fan Frjentsjer. En as klap op de fjoerpylk wûn Westra sân jier letter de Bûnspartij foar Senioaren.

Nei syn karriêre as keatser hat Johannes in wichtige rol spile as bestjoerder yn de keatssport. Fan 1988 oant 1998 wie Westra foarsitter fan it Keatsbûn, en fan 2010 oant 2016 foarsitter fan de PC as opfolger fan Minne Dijkstra.

Prizen 1960 - Freule 1e priis 1963 - Jong Nederlân 3e priis 1964 - Jong Nederlân 1e priis 1965 - de Bond 3e priis 1966 - de Bond 2e priis 1966 - PC 3e priis 1967 - PC 2e priis 1968 - de Bond 4e priis 1968 - PC 1e priis 1969 - de Bond 4e priis 1969 - PC 1e priis 1970 - de Bond 2e priis 1970 - PC 2e priis 1974 - de Bond 4e priis 1974 - PC 3e priis 1975 - de Bond 5e priis 1975 - PC 3e priis 1976 - de Bond 1e priis 1976 - PC 3e priis 1977 - PC 2e priis

Kategory:Frysk keatser Kategory:Frysk sportbestjoerder Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1946