Thomas van Zuiden (Tsjerkwert, 21 jannewaris 1991) is in earder Frysk keatser.
Van Zuiden helle 64 punten foar it ivich keatsklassemint. Yn 2012 wûn er mei Hendrik Tolsma fan Goutum en René Anema fan Balk foar de earste kear de PC, Thomas van Zuiden waard ta kening útroppen. Seis jier letter wûn er foar de twadde kear de PC, dy kear mei syn broer Peter fan Tsjerkwert en Allard Hoekstra fan Frjentsjer.
Yn juny 2022 naam er yn Dronryp ôfskied fan de haadklasse, fanwegen in blessuere oan 'e knibels.Ljouwerter Krante, 11-6-2022, Een echte Pc-kaatser Dêrnei hat van Zuiden noch in pear kear oan in ôfdielingswedstriid mei dien.
Prizen 2006 - Freule 5e priis 2008 - Jong Nederlân 3e priis 2010 - Jong Nederlân 3e priis 2010 - PC 3e priis 2012 - Jong Nederlân 3e priis 2012 - PC 1e priis 2012 - de Bond 4e priis 2014 - de Bond 6e priis 2015 - PC 3e priis 2018 - PC 1e priis 2019 - de Bond 6e priis 2025 - de Bond 3e priis
Kategory:Frysk keatser Kategory:PC kening Kategory:Persoan berne yn Tsjerkwert Kategory:Persoan berne yn 1991