Johan van der Meulen (Broeksterwâld, 24 febrewaris 1984) is in earder Frysk keatser.
Van der Meulen helle 358 punten foar it ivich keatsklassemint. Yn 2006 wûn er mei Kor Zittema fan Bitgum en Taeke Triemstra fan Sint-Jabik foar de earste kear de PC. It jier derop wûn er foar de twadde kear de PC, dy kear mei Auke van der Graaf fan Berlstum en Taeke Triemstra. Johan van der Meulen waard ta kening útroppen. Seis jier dêrnei werhelle er dat nochris, no mei Renze Pieter Hiemstra fan Sint-Jabik en Hylke Bruinsma fan Minnertsgea as maten.
Yn 2016 naam er op de Aldehoupartij yn Ljouwert mei in earste priis ôfskied fan de haadklasse.Ljouwerter Krante, 19-9-2016, Afscheid nemen is als een beetje sterven Dêrnei hat Van der Meulen noch in pear kear oan in ôfdielingswedstriid mei dien, sa wûn er yn 2018 dochs noch de Bûnspartij foar Senioaren.
Prizen 1999 - Freule 5e priis 2001 - Freule 3e priis 2004 - Jong Nederlân 3e priis 2004 - PC 3e priis 2005 - PC 2e priis 2006 - PC 1e priis 2007 - PC 1e priis 2008 - PC 3e priis 2012 - PC 3e priis 2013 - PC 1e priis 2014 - de Bond 2e priis 2015 - de Bond 2e priis 2018 - de Bond 1e priis
Kategory:Frysk keatser Kategory:PC kening Kategory:Persoan berne yn Broeksterwâld Kategory:Persoan berne yn 1984