Johannes Gerrit Dijkstra (Wergea, 6 septimber 1968) is in earder Frysk keatser.

Dijkstra helle 258 punten foar it ivich keatsklassemint. Hy groeide op yn Aldebiltsyl, dêr't syn heit ûnderwizer wie. Johannes Gerrit kaam út in echte keatsfamylje, syn pake wie jierrenlang ponghâlder fan de KNKB en syn heit Gerrit wûn op de PC fan 1963 de twadde en op dy fan 1964 de tredde priis. Johannes Gerrit wûn yn 1994 foar it earst de Bûnspartij foar Senioaren. Yn 2003 wûn er mei Karel Nijman fan Ljouwert en Folkert van der Wei fan Wytmarsum ûnferwachts de PC, Johannes Gerrit Dijkstra waard ta kening útroppen.

Yn 2006 sleat er nei tweintich jier syn karriêre as haadklasse keatser ôf.

Prizen 1988 - de Bond 10e priis 1990 - de Bond 6e priis 1994 - de Bond 1e priis 1994 - PC 3e priis 1995 - de Bond 1e priis 1996 - de Bond 4e priis 1997 - PC 3e priis 1998 - de Bond 1e priis 1998 - PC 3e priis 1999 - de Bond 3e priis 1999 - PC 3e priis 2000 - de Bond 4e priis 2002 - de Bond 3e priis 2003 - de Bond 7e priis 2003 - PC 1e priis

Kategory:Frysk keatser Kategory:PC kening Kategory:Persoan berne yn Wergea Kategory:Persoan berne yn 1968