thumb|Finale Nederlands Songfestival. Conny Vink, Ronnie Tober, Gonnie Baars en René Franck, 28 febrewaris 1968 Conny Vink (Culemborg, 6 juny 1945) is in Nederlânske sjongster.

Wurkpaad Vink is ûnder oare bekend fan de hits Bossa Nova Boy (1967), De Toeteraar (1969), Maak je niet dik (dun is de mode) (1970) en Dansen is plezier voor twee (1976). Ek spile sy yn de revu Blij Blijven mei André van Duin en Frans van Dusschoten. Conny Vink wie begjin jierren santich foaral bekend troch de platen dy't se makke mei it bernekoar De Schellebellen (ûnder lieding fan diriginte Paula van Alphen).

Har earste optreden wie yn 1959 op de bûnte fêsteljûn foar in katolike frouljusmienskip. Yn maaie 1963 wie sy foar it earst op telefyzje te sjen, yn it programma Toonladders. Yn 1968 die se mei oan it Nasjonaal sjongfestival 1968 yn Utert mei it ferske Hé, moet je bij mij zijn, en yn 1969 nochris mei De Toeteraar. Yn 2003 waard sy riddere yn de Oarder fan Oranje-Nassau.

Diskografy Albums 1968 - Conny Vink 1970 - Er op uit met de Schellebellen (Conny Vink & De Schellebellen, û.l.f. Paula van Alphen) 1972 - De lievelingsliedjes van Conny Vink 1972 - Instuif met Conny Vink en De Schellebellen (Conny Vink & De Schellebellen) 1979 - Met Conny naar de dierentuin (Conny Vink & kinderkoor De Waagzangertjes) 1993 - Conny Vink 1996 - De Tijd Gaat Voorbij

Singles 1964 - Whisky en kruit 1967 - Bossa Nova Boy 1967 - Uitgebloeid 1967 - Jij Bestaat 1968 - Hee, moet je bij mij zijn 1969 - De toeteraar 1969 - Zoem, zoem, zoem 1969 - Der Rest war schweigen 1970 - Ik wil jou in een kooitje (L'oiseau Sur la Branche) 1970 - Maak je niet dik (dun is de mode) (Conny Vink en de Schellebellen) 1971 - Een Irish coffee of drie 1971 - Nou, tot ziens 1971 - Ben je betoeterd (Conny Vink en de Schellebellen) 1972 - Chiribi chiriba chiriboe 1972 - Mijn Utrecht 1974 - In de winter 1974 - Ik zie, ik zie wat jij niet ziet 1975 - Hij heeft mijn knie gezien (net útbrocht) 1976 - Dansen is plezier voor twee 1976 - In Petersburg 1977 - Fiësta de la playa 1978 - Hallo school 1980 - Samen 1981 - Van Washington naar Moskou 1982 - Wie ben jij 1982 - Hé, wat doe je midden in de nacht in dit café 1982 - Smurfen televisielied (Conny Vink en de Smurfen) 1983 - Gargamel (Conny Vink en de Smurfen) 1986 - In Moskou 1986 - Bananas en ananas 1987 - De hutsie klutsie 1990 - Hiep hiep hoera 1990 - Cook-a gudumba 1991 - Die bleke oude foto 1993 - De liefde is zo mooi 2019 - Het leven is een schilderij

Kategory:Nederlânsk sjonger Kategory:Persoan berne yn 1945