De túfpinguïns of toefpinguïns (wittenskiplike namme: Eudyptes) foarmje in fûgelskaai út 'e famylje pinguïns (Spheniscidae)
Alle soarten yn it skaai ha in opfallende túf fan giele oant oranje fearren, dy't boppe it each nei efter yn 'e nekke as in plûm hingje. De boppedielen binne swart oant laaigriis en ûnder binne se wit. Se wurde 50 oant 75 lang en 2 oant 6 kg swier. De poaten binne koart en ha sterke klauwen, dy't handich binne by it klimmen op rotseftige grûn (yn it Ingelsk ha guon soarten yn it skaai dêrfandinne de namme rockhopper).
Alle soarten libje yn 'e súdlike helte fan 'e Stille, Atlantyske en/of Yndyske Oseaan. De measte soarten briede op lytse, ôfhandich lizzende eilannen sûnder rôfdieren. It nêst is op hurde hellingen, guon soarten kieze ek plakken ûnder strûken. De measte soarten lizze twa aaien. Opfallend by de fûgels yn it skaai is dat it earste aai folle lytser is as it twadde aai en dat jildt namste mear foar de grutte túfpinguïn.
De fûgels binne oanpast oan in rûch klimaat mei kâlde wetterstreamen. Se briede yn 'e regel yn grutte, tichte koloanjes, faak op steile rotskusten of subantarktyske eilannen. De measte soarten komme allinnich yn 'e briedtiid en foar it ferfearjen oan lân, de rest fan 'e tiid foerazjearje se op iepen see.
Se kinne tige goed dûke fan 20 oant 60 m djip, guon soarten geane noch djipper as 100 m. Se foerazjearje op kreefteftigen, krill, lytse fisken en inketfisk.
In grut part fan 'e soarten wurde bedrige yn it bestean en de oantallen fan 'e measte soarten binne yn desinnia tiid dramatysk ôfnommen. Klimaatferoaring en it oerbefiskjen foarmje in grutte bedriging foar de túfpinguïns.
Soarten Der binne hjoed-de-dei noch acht soarten yn it skaai. De Chathampinguïn is bekend fan subfosile bonken en stoar nei alle gedachten gaueftich út nei't Polyneezjers om 1500 hinne op 'e Chatmaneilannen oan lân gyngen.
Ofbyld Wittenskiplike namme Fryske namme Fersprieding StatusTrend120px Eudyptes chrysocome westlike rotspinguïn Patagoanje, Falklâneilannen, Súd-Georgje, Kerguelen, Heard en de McDonaldeilannen kwetsber25pxEudyptes chrysocome op BirdLife120px Eudyptes chrysolophus macaronipinguïn Súd-Georgje, súdlike Sandwicheilannen, Kerguelen, Heard, Bouvet, súdlike Orkneyeilannen kwetsber25pxEudyptes chrysolophus op BirdLife120px Eudyptes moseleyi noardlike rotspinguïn Tristan da Cunha, Gough-eilân bedrige25pxEudyptes moseleyi op BirdLife120px Eudyptes filholi eastlike rotspinguïn Prins Edward-eilannen, Crozeteilannen, Kerguelen, Heard Island, Macquarie, Antypoade-eilannen, Aucklandeilannen Campbelleilannen kwetsber25pxEudyptes filholi op Birds of the World 120px Eudyptes pachyrhynchus Fjordlântúfpinguïn Westkust Nij-Seelân hast bedrige25pxEudyptes pachyrhynchus op BirdLife120px Eudyptes robustus Snarestúfpinguïn Snareseilannen kwetsberstabylEudyptes robustus op BirdLife120px Eudyptes schlegeli wytwangpinguïn Macquarie-eilân net bedrige25pxEudyptes schlegeli op BirdLife120px Eudyptes sclateri grutte túfpinguïn Bountyeilannen en Antypoade-eilannen bedrige25pxEudyptes sclateri op BirdLife
Kategory:Fûgelskaai Kategory:Pinguïn