Thomas van der Meer (Burgum, 2 april 1969) is in earder Frysk keatser.
van der Meer helle 376 punten foar it ivich keatsklassemint. Yn 1991 wûn er mei Rinse Bleeker fan Tsjummearum en Erik Seerden fan Frjentsjer foar de earste kear de PC. It jier derop wûn itselde partoer foar de twadde kear de PC. En ek yn it jier 1993 wie it raak foar van der Meer en syn maten, Thomas van der Meer waard yn 1993 ta kening útroppen.
Thomas van der Meer keatste yn 2001 foar de fyftjinde en lêste kear op de PC en yn septimber fan dat jier naam er op de Aldehoupartij yn Ljouwert ôfskied fan de haadklasse.
Prizen 1990 - Jong Nederlân 2e priis 1991 - de Bond 3e priis 1991 - PC 1e priis 1992 - PC 1e priis 1993 - PC 1e priis 1994 - PC 4e priis 1996 - de Bond 4e priis 1997 - de Bond 3e priis 1998 - PC 3e priis 2000 - de Bond 3e priis
Kategory:Frysk keatser Kategory:PC kening Kategory:Persoan berne yn Burgum Kategory:Persoan berne yn 1969