Pieter van Tuinen (Hallum, 10 oktober 1976) is in earder Frysk keatser.
Van Tuinen helle 369 punten foar it ivich keatsklassemint. Yn 1995 wûn er de Jong Nederlânpartij. Yn 1997 wûn er mei Rinse Bleeker fan It Hearrenfean en Chris Wassenaar fan Minnertsgea foar de earste kear de PC, Pieter van Tuinen waard ta kening útroppen. Fjouwer jier letter wûn er foar de twadde kear de PC, dy kear mei André Kuipers fan Bitgummole en Chris Wassenaar.
Yn 2003 sleat er ûnferwachts nei njoggen jier syn karriêre as haadklasse keatser ôf. Stúdzje wie hjir yn haadsaak de reden fan. Hy die dat yn styl, want op de Aldehoupartij yn Ljouwert kaam er as winner út de striid. Dernei hat van Tuinen noch in pear kear oan in ôfdielingswedstriid mei dien.
Prizen 1992 - Freule 6e prijs 1993 - Freule 4e prijs 1994 - Jong Nederlân 7e prijs 1995 - Jong Nederlân 1e prijs 1995 - de Bond 4e prijs 1996 - de Bond 1e prijs 1997 - Jong Nederlân 4e prijs 1997 - de Bond 2e prijs 1997 - PC 1e prijs 1998 - Jong Nederlân 3e prijs 1998 - de Bond 1e prijs 1998 - PC 2e prijs 1999 - de Bond 1e prijs 1999 - PC 3e prijs 2000 - PC 2e prijs 2001 - PC 1e prijs 2003 - de Bond 4e prijs 2005 - de Bond 4e prijs
Kategory:Frysk keatser Kategory:PC kening Kategory:Persoan berne yn Hallum Kategory:Persoan berne yn 1976