De Snarestúfpinguïn of Snarestoefpinguïn (Eudyptes robustus) is in endemyske Nijseelânske pinguïn, dy't foarkomt op 'e Snareseilannen, dy't súdlik fan it it Sudereilân lizze.

Ferskining thumb|left|Groepke Snarestúfpinguïns. De soarte is in relatyf lytse pinguïn mei in lingte fan 50 oant 70 sintimeter en in gewicht fan 2,5 oant 4 kg. De fûgel hat donkerblauswarte boppedielen en in wite ûnderkant. Hy hat in felgiele wynbraustreek oant efter it each, dêr't er einiget yn in losse hingjende plûm. Oan 'e basis fan 'e readbrune snaffel hat er in rôze, waakseftige hûd. De fûgel hat rôze poaten.

Fersprieiding en systematyk De wichtichste koloanjes lizze op it North East Island, wylst oare koloanjes op Broughton Island en de rotseftige eilannen fan 'e Western Chain binne. Guon behannelje de soarte as in ûndersoarten fan 'e Fjordlântúfpinguïn (Eudyptes pachyrhynchus). De soarte wurdt meast as monotypysk beskôge, itjinge betsjut dat der gjin ferdieling yn ûndersoarten is.

Ekology De Snarestúfpipnguïn briedt yn lytse (tsien nêsten) oant grutte (1200 nêsten) koloanjes ûnder beammen of yn iepen gebiet. It iten bestiet meast út krill, dat likernôch 60% fan it iten útmakket. Fierder wurdt it iten oanfolle mei inketfisk en lytse fiskjes, dy't elts sa 20% fan it dieet útmeitsje.

Status De soarte wurdt troch de Ynternasjonale Uny foar Natuerbehâld klassifisearre as kwetsber (VU, 2018) om't it briedgebiet beheind is ta in relatyf lytse groep eilannen. De wrâldpopulaasje wurdt op likernôch 30.000 broedpearen rûsd. Oannommen wurdt dat de populaasje stabyl is.

Kategory:Túfpinguïn Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn de Nijseelânske Subantarktyske Eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Súdlike Oseaan