Reitse Mienstra (It Hearrenfean, 29 oktober 1945) is in earder Frysk keatser.
Mienstra helle 78 punten foar it ivich keatsklassemint. Yn 1971 wûn er mei Jarich van der Veen fan Ikkerwâld en Gerrit de Jong fan Ysbrechtum de PC. Reitse Mienstra waard ta kening útroppen. Yn 1972 yn Dronryp, sleat Mienstra syn koarte karriêre as keatser yn de haadklasse mei in boppeslach op 5 -5 en 6 -6 yn de finale ôf, fanwegen syn leauwen. Yn 1978 stie de sympatike spiler, op fersyk, noch in pear kear mar sûnder sukses yn de keats arena. Oan wedstriidsport die Reitse Mienstra dêrnei net mear, want it leauwen en syn húshâlding stiene no op it heechste plak fan it earepoadium.
Prizen 1970 - PC 4e priis 1971 - de Bond 2e priis 1971 - PC 1e priis
Kategory:Frysk keatser Kategory:PC kening Kategory:Persoan berne op It Hearrenfean Kategory:Persoan berne yn 1945