Tjerk (Bert) Albert Rinia (Makkum, 20 maaie 1952) is in earder Frysk keatser.
Rinia soan fan earder PC winner Albert Rinia helle 202 punten foar it ivich keatsklassemint. Yn 1970, wûn foar Makkum er de Jong Nederlânpartij. Yn 1972 wûn er mei Piet de Jong fan Wommels en André Roosenburg fan Frjentsjer de PC. Bert Rinia waard ta kening útroppen. Op de bûnspartij foar Senioaren wie er yn 1979 suksesfol foar de keatsferiening Makkum troch mei Henk Hellinga en broer Sjaak de earste priis te winnen. Troch stúdzje koe er net altyd optimaal traine en dêrtroch wie elke seizoenstart fan him oan de matige kant. Foar it begjin fan it keatsseizoen yn 1981 naam er ôfskied fan it keatsen yn de haadklasse. Yn datselde jier sette hy in skildersbedriuw op yn Makkum.
Prizen 1968 - Freule 6e priis 1970 - Jong Nederlân 1e priis 1972 - PC 1e priis 1974 - Jong Nederlân 3e priis 1975 - de Bond 10e priis 1978 - de Bond 9e priis 1977 - de Bond 8e priis 1979 - de Bond 1e priis 1981 - de Bond 9e priis
Kategory:Frysk keatser Kategory:PC kening Kategory:Frysk ûndernimmer Kategory:Persoan berne yn Makkum Kategory:Persoan berne yn 1952