Hein Zijlstra (Deinum, 6 septimber 1946) wie in Frysk keatser.

Zijlstra helle 136 punten foar it ivich keatsklassemint. Yn 1965 wûn er mei Martinus Santema fan Grins en Gerrit Langerak fan Snits de PC. Hein Zijlstra waard ta kening útroppen. Hy waard dêrmei as keatser fan achttjin jier âld ien fan de jongste keningen fan de PC.

Op de PC fan 1967 wûn er de tredde priis en yn 1972 kaam er ta de finale. Yn datselde jier sette Hein Zijlstra, dy't by syn heit op de pleats wurke, in punt efter syn koarte karriêre as keatser.

Prizen 1965 - PC 1e priis 1966 - de Bond 9e priis 1967 - PC 3e priis 1972 - PC 2e priis

Kategory:Frysk keatser Kategory:PC kening Kategory:Persoan berne yn Deinum Kategory:Persoan berne yn 1946