Dreeuwes Smedinga (Dronryp, 15 maaie 1923 - Harns, 14 maart 1999) wie in Frysk keatser.

Smedinga helle 205 punten foar it ivich keatsklassemint. Yn 1962 wûn er mei Gerrit Okkinga fan Easterein en Sjoerd Heeringa fan Tsjummearum foar de earste kear de PC, Dreeuwes Smedinga waard ta kening útroppen.. It jier der op wûn er foar de twadde kear de PC, dy kear mei Gerrit Okkinga en Martinus Santema fan Easterlittens. Yn 1964 sleat er syn haadklassetiidrek ôf mei in earste en in twadde priis.

Dreeuwes Smedinga ferstoar op 14 maart 1999 yn de âldens fan 75 jier.

Prizen 1949 - PC 4e priis 1951 - PC 2e priis 1952 - PC 3e priis 1955 - PC 3e priis 1959 - PC 2e priis 1960 - de Bond 2e priis 1962 - PC 1e priis 1963 - PC 1e priis

Kategory:Frysk keatser Kategory:PC kening Kategory:Persoan berne yn Dronryp Kategory:Persoan stoarn yn Harns Kategory:Persoan berne yn 1923 Kategory:Persoan stoarn yn 1999