Martinus (Tinus) Santema (Easterlittens, 14 april 1940 - Grins, 24 novimber 2013) wie in Frysk keatser.
Santema helle 194 punten foar it ivich keatsklassemint. Doe't er santjin jier âld wie wûn Martinus foar de keatsferiening Onder Ons út Easterlittens de Freulepartij yn Wommels en mocht it tradisjonele gouden horloazje yn ûntfangst nimme. Yn 1961 wûn er mei Rienk de Groot fan Ljouwert en Johan Jansen fan Harns foar de earste kear de PC. Martinus Santema waard ta kening útroppen. Twa jier letter wûn er foar de twadde kear de PC, dy kear mei Gerrit Okkinga fan Easterein en Dreeuwes Smedinga fan Harns. Twa jier dêrnei werhelle er dat nochris, no mei Hein Zijlstra fan Deinum en Gerrit Langerak fan Snits as maten.
Yn 1966 besleat Santema in punt efter syn karrêre te setten. Letter waard er dosint Ûnderwiskunde oan de Universiteit fan Grins en wie in skoft steatelid foar de Partij fan de Arbeid yn de provinsje Grinslân. Martinus Santema ferstoar op 24 novimber 2013 yn 'e âldens fan 73 jier.
Prizen 1953 - Freule 2e priis 1954 - Freule 5e priis 1955 - Freule 3e priis 1956 - Freule 2e priis 1957 - Freule 1e priis 1958 - de Bond 8e priis 1959 - de Bond 2e priis 1960 - de Bond 8e priis 1961 - PC 1e priis 1962 - PC 3e priis 1963 - PC 1e priis 1965 - PC 1e priis
Kategory:Frysk keatser Kategory:PC kening Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Frysk deputearre Kategory:Persoan berne yn Easterlittens Kategory:Persoan berne yn 1940 Kategory:Persoan stoarn yn 2013