Frans Andor Benjamin Weisz (Amsterdam, 23 july 1938 - dêre, 7 desimber 2025) wie in Nederlânske film- en telefyzjeregisseur. Bekende wurken fan him binne de films De Inbreker" (1972), Rooie Sien" (1975), Charlotte (1981), de trilogy Leedvermaak (1989), Quvive (2002), Happy End (2009), Hoogste Tijd (1995) en de telefyzjerige Bij nader inzien (1991).
Libben en wurk Frans Weisz wie de soan fan it Joadske pear Géza Weisz (1904-1944) en Sara Drielsma (1904-1979). Syn heit kaam om yn it ferneatigingskamp Auschwitz.
Weisz begûn mei in stúdzje oan de toanielskoalle, mar joech dy nei in jier op om nei de Amsterdamske Filmakademy te gean. Hy krige in stúdzjebeurs foar de Italiaanske filmskoalle Centro Sperimentale di Cinematografia yn Rome.
Weisz wie troud en wie heit fan akteur Géza Weisz (1986). Weisz wie oanhelle mei de sykte fan Alzheimer en ferstoar op 7 desimber 2025 yn de âldens fan 87 jier.
Wurken 1964 · Een zondag op het eiland van de Grande Jatte 1964 · Gli eroi di ieri, oggi, domani 1966 · Het gangstermeisje 1969 - In den beginne… tenslotte 1972 · De inbreker 1973 · Naakt over de schutting 1975 · Rooie Sien 1975 · Heb medelij, Jet! 1978 · Entrée Brussels 1981 · Charlotte 1982 · Een zwoele zomeravond 1987 · Havinck 1989 · Leedvermaak 1991 · Bij nader inzien (tf-rig) 1993 · Op afbetaling 1995 · Hoogste tijd 1998 · Het jaar van de opvolging (tf-rige) 1999 · Een vrouw van het noorden 2001 · Qui vive 2001 · Storm in mijn hoofd (telefilm) 2003 · Boy Ecury (telefilm) 2003 · Ezelsoor (telefyzjesearje) 2006 · Hopsi Topsi Land 2008 · Terug naar Moreelse Park 2009 · Happy End 2012 · Life? or Theatre? (dokumintêre) 2013 · Finn 2015 · Het Wolfsuur (dokumintêre) 2018 · Het Leven is Vurrukkulluk 2020 . Het vermoorde theater (dokumintêre)
Nominaasjes en prizen Weisz krige Gouden Kalveren foar bêste regy foar Leedvermaak en Bij nader inzien. Foar Een zondag op het eiland van de Grande Jatte krige er in Sulveren Bear.
2019 – Shortcutz Amsterdam Career Award 2021 – Career Achievement Award fan Film by the Sea
Weisz waard yn 2018 by syn 50-jierige karriêre yn tsjinst fan de Nederlânske film riddere ta Offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau fanwegen syn fertsjinsten foar de Nederlânske film.
Kategory:Nederlânsk filmregisseur Kategory:Holokaustoerlibbene Kategory:Underdûker yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Nederlânsk telefyzjeregisseur Kategory:Ofsier yn de Oarder fan Oranje-Nassau Kategory:Nederlânsk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1938 Kategory:Persoan stoarn yn 2025