Hiele de Haan (Holwert, 1 novimber 1923 - Penjum, 10 novimber 1979) wie in Frysk keatser.

de Haan helle 247 punten foar it ivich keatsklassemint. Yn 1941 wûn er mei syn broer Pieter en Lammert Heeringa fan Ternaard de Jong Nederlânpartij. Yn 1945 wûnen de bruorren De Haan mei Klaas Posthumus fan Ljouwert de earste PC nei de Twadde Wrâldkriich. Seis jier letter wûnen de bruorren foar de twadde kear de PC, dy kear mei Roel Hoekstra fan Ternaard. Hiele de Haan waard ta kening útroppen.

Hiele hie wilens syn karriêre as keatser in tal kear te krijen mei tsjinslach. Sa waard er yn 1949 sa siik dat er fan de haadklasse werom gie nei de earste klasse. Yn 1955 waard er troch boargemaster Nauta fan Harns oanriden. In jier letter waard er wer siik, hjirfan waard er net folslein better dat de Haan hâld dêrnei op mei keatsen. Hiele de Haan wie yntiid kafeehâlder yn Penjum wurden.

Hiele de Haan ferstoar op 10 novimber 1979 hommels yn de âldens fan 56 jier.

Prizen 1937 - Freule 4e priis 1938 - Freule 2e priis 1939 - Freule 4e priis 1941 - Jong Nederlân 1e priis 1945 - PC 1e priis 1946 - PC 3e priis 1947 - PC 2e priis 1949 - PC 2e priis 1951 - PC 1e priis

Kategory:Frysk keatser Kategory:PC kening Kategory:Persoan berne yn Holwert Kategory:Persoan stoarn yn Penjum Kategory:Persoan berne yn 1923 Kategory:Persoan stoarn yn 1979