Johannes Stavinga (Poppenwier, 6 novimber 1921 - dêre, 7 febrewaris 1994) wie in Frysk keatser.

Stavinga helle 247 punten foar it ivich keatsklassemint. Yn 1954 wûn er mei Sipke van der Zee fan Ljouwert en Albert Veldkamp fan Huzum de PC. Johannes Stavinga waard ta kening útroppen.

Stavinga, dy't opslagger wie, wie in rêstige en beskieden keatser, dy't op it fuottenein fan it keatsgebiet wenne. Hy gie altyd op de bromfyts nei de keatspartijen ta. Dus al betiid op paad, somtiden wol twa oeren foardat de wedstriid begûn, dertroch kaam der faaks ferklomme oan. Gjin al te bêste tarieding op in wedstriid. Kaam er de earste omloop troch, dan waarden syn prestaasjes elke omloop better.

Johannes Stavinga ferstoar op 7 febrewaris 1994 yn de âldens fan 72 jier.

Prizen 1947 - de Bond 11e priis 1951 - PC 2e priis 1954 - PC 1e priis 1958 - PC 4e priis 1959 - de Bond 5e priis 1961 - PC 2e priis 1962 - PC 2e priis

Kategory:Frysk keatser Kategory:PC kening Kategory:Persoan berne yn Poppenwier Kategory:Persoan stoarn yn Poppenwier Kategory:Persoan berne yn 1921 Kategory:Persoan stoarn yn 1994