Wytse Vlietstra (Frjentsjer, 4 maaie 1930 - dêre, 21 maart 2013) wie in Frysk keatser en ûndernimmer.

Vlietstra helle 330 punten foar it ivich keatsklassemint. Yn 1949 wûn er mei Hotze Schuil fan Harns en Lammert Heeringa fan Holwert foar de earste kear de PC.

Eins soene Vlietstra en Heeringa mei Jan Faber fan Peins keatse, mar Faber wie doe tsjinstplichtig soldaat. In dei foar de PC waard de tsjinstplichtige Peinzer lykwols oppakt troch de militêre plysje, de organisaasje fan de PC hat der noch fan alles oan dien om Faber wer frij te krijen, mar dat slagge net. Hotze Schuil keatsend mei Sikke Olivier en Frans Helfrich gie er yn de earste omloop mei 5-5, 4-6 ôf tsjin it partoer fan Jan Rodenhuis, en waard bylotte yn it partoer fan Heeringa as ferfanger fan de fêstsittende keatser fan Peins.

Fjouwer jier letter wûn er foar de twadde kear de PC, dy kear mei Meindert van der Weerd fan Arum en Johannes Zijlstra fan Kreil. Wytse Vlietstra waard ta kening útroppen.

De maatskiplike karriêre fan Vlietstra begûn as skoarstienreager/glêzewasker. Mei in hânkarre luts er der destiids op út om dat wurk te dwaan. Geandewei ûntstie himmelbedriuw Vlietstra mei ferskate fêstigingen, benammen yn it noarden fan it lân. It haadkantoar fan it himmelbedriuw wie yn Frjentsjer op it terrein fan it eardere Fristho meubelfabryk.

Wytse Vlietstra ferstoar op 21 maart 2013 yn de âldens fan 82 jier.

Prizen 1945 - Freule 2e priis 1946 - Freule 3e priis 1947 - Freule 3e priis 1949 - PC 1e priis 1950 - Jong Nederlân 3e priis 1951 - PC 3e priis 1954 - de Bond 7e priis 1954 - PC 4e priis 1955 - de Bond 2e priis 1955 - PC 1e priis 1956 - de Bond 1e priis 1957 - de Bond 2e priis 1958 - de Bond 4e priis 1960 - de Bond 3e priis 1960 - PC 2e priis 1961 - de Bond 8e priis 1962 - PC 4e priis 1963 - de Bond 5e priis 1964 - de Bond 2e priis

Kategory:Frysk keatser Kategory:PC kening Kategory:Frysk ûndernimmer Kategory:Persoan berne yn Frjentsjer Kategory:Persoan stoarn yn Frjentsjer Kategory:Persoan berne yn 1930 Kategory:Persoan stoarn yn 2013