Cornelis (Cees) Kamminga (Arum, 2 febrewaris 1914 - dêre, 25 febrewaris 1996) wie in Frysk keatser.
Kamminga helle 151 punten foar it ivich keatsklassemint. Yn 1930 wûn Cornelis foar Keatsferiening Willem Westra út Arum de Freulepartij yn Wommels en mocht it tradisjonele gouden horloazje yn ûntfangst nimme. Trije jier letter, yn 1933, wûn er de Jong Nederlânpartij.
Kamminga yntúsken wurksum as timmerman makke yn 1931 syn debút by de senioaren, mar yn 1936 rekke er slim blessearre nei't er mei in sirkelseage in part fan twa fingers oan syn linkerhân ôfseage. Yn 1938 wûn er mei Folkert Hiddinga fan Weidum en Willem Bosma fan Boalsert de PC. Cornelis Kamminga waard ta kening útroppen.
Yn 1941 wûn er syn lêste earste priis yn de haadklasse. Dêrnei ferdwûnen de krêft en de sûplesse út it spul fan de foarsynse en hy soe syn karriêre as keatser net lang nei de Twadde Wrâldkriich beëinigje. Cornelis Kamminga wie dêrnei noch jierrenlang bestjoerslid fan de keatsferiening Willem Westra. Cornelis Kamminga ferstoar op 25 febrewaris 1996 yn de âldens fan 82 jier.
Prizen 1930 - Freule 1e priis 1933 - Jong Nederlân 1e priis 1933 - de Bond 2e priis 1934 - Jong Nederlân 2e priis 1934 - de Bond 4e priis 1937 - de Bond 5e priis 1937 - PC 3e priis 1938 - de Bond 4e priis 1938 - PC 1e priis 1939 - PC 2e priis 1940 - PC 2e priis 1941 - de Bond 3e priis 1945 - PC 4e priis
Kategory:Frysk keatser Kategory:PC kening Kategory:Frysk sportbestjoerder Kategory:Persoan berne yn Arum Kategory:Persoan stoarn yn Arum Kategory:Persoan berne yn 1914 Kategory:Persoan stoarn yn 1996